Springe nei ynhâld

White Salmon (rivier)

Ut Wikipedy
Rivier de White Salmon

De rivier de White Salmon (Ingelsk: White Salmon River) is in 71 km lange sydrivier fan de rivier de Kolumbia yn Klickitat en Skamania County yn de Amerikaanske steat Washington. De rivier ûntspringt op de hellings fan Mount Adams yn de Cascades op in hichte fan 1640 m. De rivier mûnet út yn de Kolumbia by it plakje Underwood op in hichte fan 24 m. De rivier hat in bekken fan 1036 km². Sydrivierren fan de White Salmon binne: Trout Lake en de Buck, Mill, Dry, Gilmer en Rattlesnake Creeks[1]. De rivier lûkt in soad wettersporters, bygelyks benammen wyldwetter-rafting, -kayak en kanoe. In populêr plak dêrfoar is it plakje Husum en it njonkenlizzende BZ Corner.

Op 26 oktober 2011 waard de Condit Daam, in keardaam yn de rivier út gebrûk helle, om't dizze dam nei sizzen net mear nedich wie en om in frije salmstream te befoarderjen [2].