Springe nei ynhâld

Husum (Washington)

Ut Wikipedy
Husum
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Klickitat County
Sifers
Ynwennertal 100 (1980)
Hichte 126 m
Oar
Stifting 1880
Postkoade 98623
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45° 47' 57" N, 121° 29' 13" W
Kaart
Husum (Washington)
Husum
Lizzing fan Husum yn 'e steat Washington

Husum is in gemeentefrij plak yn Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak is troch Noardfryske emigranten stifte. It leit yn it westen fan Klickitat County oan de rivier de White Salmon, dy't útmûnet yn de rivier de Kolumbia. Husum leit in pear kilometer benoarden dizze útmûning. It plak hat likernôch 100 ynwenners[1].

Mids 19e iuw strutsen blanken del yn 'e delling fan de White Salmon. Mattheus en Christian Wilkens kamen dêr yn 1876 en op 8 maart 1880 iepenen hja in postkantoar út harren hûs wei, dat hja Wilkensheim neamden. Ek yn dat jier ûntwurp Martin Thompson de doarpsplattegrûn en neamde it plak Husum nei Husum yn Noard-Fryslân[2], yn hokker omkriten hy hikke en tein wie. Wilkens syn postkantoar bestie mar in koart skoft en op 23 augustus 1880 iepene Sophia Thompson it Husumer postkantoar. Martin Thompson waard ek noch de direkteur fan de Husum Power Company, it lokale nutsbedriuw, út White Salmon. Hy ferstoar yn 1910 yn 'e âldens fan 64 jier oan 'ferlamming'[3].

It plakje begûn te groeien en in skoalle, tsjerke, in winkel en in hotel waarden boud. It paad oan de rivier de White Salmon, dêr't Husum oan lei waard in wichtige trochgongswei foar pioniers dy't fierder de delling rjochting Mount Adams ynlutsen. Foar't de brêge oer de rivier de White Salmon, justjes ûnder de wetterfallen, boud waard yn 1882, moasten reizgers de Rattlesnake Creek oerstekke. Dêrby ferlearen hja harren bagaazje gauris. Nei't de brêge boud wie, waard in dyk makke lâns de rivier de White Salmon fan Husum nei it plakje Trout Lake.

De rivier de White Salmon is ferneamd om syn forel en dus waard der in soad fiske. De rivier is in 50 km lange berchstream mei farsk berchwetter. Hy streamt rêstich troch de geaen fan Trout Lake, wêrnei't er troch wetterfallen en kleauwen rûzet om dêrnei troch flak terrein te rinnen. Nei sa'n 10 km komt er yn de Kolumbia út.

Husum libbet hjoeddedei benammen fan lânbou, lykas fruithôven. It plak is it mulpunt fan diken fanút de njonkenlizzende plakken lykas Trout Lake, Glenwood, Laurel, Fulda, Panikanik, Gilmer, Underwood en White Salmon. It plak leit oan Highway 141. Ek toerisme is in boarne fan ynkommen, lykas rafting en der is in golfbaan yn it doarp. It plak leit deun oan de Mount Adams Wilderness Area en Gifford Pinchot National Forest[4].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: