Wettertoer fan Soest

Ut Wikipedy

De Wettertoer fan Soest is boud yn 1931. De wettertoer hat de status ryksmonumint.

De wettertoer hat in hichte fan 23,7 meter en hat ien wetterreservoir fan 200 m³. It reservoir sit yn it silinderfoarmige boppeste gedielte en hat in ynwindige diameter fan 6 meter.

Yn 1984 waard de toer bûten gebrûk steld en is yn 1993 ferboud ta wenhûs. Doe binne der njoggen wenlagen makke ynklusyf in dakterras. Ek is doe it stielwetterreservoir weihelle mei útsûndering fan de boaiem.

Ein 2006 hat de hear Walter Juijn, winner fan de Wettertoerpriis 2004, syn wettertoer ferkocht. De toer foldie oan syn winsken, mar hy soe graach tsjin legere wenlêsten wenje wolle.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]