Springe nei ynhâld

Wettertoer fan De Kúnder

Ut Wikipedy
wettertoer fan De Kúnder

De Wettertoer fan De Kúnder is boud yn 1933. Dizze wettertoer yn de buorren fan De Kúnder (Stienwikerlân) hat de status fan ryksmonumint út de Amsterdamske Skoalle. Hy is 35,45 meter heech en hat in wetterreservoir mei in ynhâld fan 120 m³. Ek nei de bou fan dizze toer wie de wetterdruk op De Kúnder noch jierrenlang net heech genôch.[1]

Yn 2004 ferkocht wettermaatskippij Vitens út Swol de wettertoer foar 75.250 euro oan de Leienske projektûntwikkelder Simon Valkenburg dy't der in penthouse foar himsels yn bouwe woe plus trije oare apparteminten. De ferkeap wie in ûnderdiel fan it ôfstjitten troch Vitens fan fiif wettertuorren, trije wetterreservoirs en in pompstasjon,[2] en barde nei oerlis mei de Stifting Yndustrieel Erfgoed en de gemeente Stienwikerlân.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De los fan Oerisel-beweging op De Kúnder foar oansluting by Fryslân yn 1939
  2. Te keaop: Vijf wettertuorren, trije reservoirs en twa pompstasjons.
  3. Vitens ferkeapet wettertuorren