Wettertoer (Bussum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De ferboude wettertoer yn 2010
Wettertoer fan 2006

De wettertoer fan Bussum stiet oan de Bussummer Grintwei, oan de râne fan Bussum tichtby stasjon Bussum Súd en sjocht út oer de Bussumske heide en de bebouwing fan Bussum-Súd. De wettertoer waard boud yn 1897 nei in ûntwerp fan Ir. H.P.N. Halbertsma en is bûten gebrûk. Halbertsma boude soksoarte tuorren yn Meppel en Almelo.

De toer hie destiids in hichte fan 35 meter en in reservoir fan 200 kubike meter. De toer wie ûnderdiel fan it tichtby lizzende pompstasjjon en wetterwingebiet, eigendom fan de Bussumsche Waterleiding Maatschappij, sûnt it begjin fan de 20e iuw in dochterbedriuw fan de N.V. De Industriële Maatschappij.

Yn 1967 waard in ferbouwing útfierd, wêrby't de mantel om it waterreservoir ferfongen waard, nei sizzen om foar te kommen dat dielen fan de bûtenside fan de toer nei ûnderen ta falle soenen. Nei dizze ferbouwing wie de hichte noch mar 30 meter.

De wettertoer is yn 2001 ferkocht oan yngenieursburo NIBE dy't it hielendal ferbouwe woe ta kantoar. Yn 2007 is besluten om de toer ûnderdiel wurde te litten fan in bedriuwssammelkantoar fan rom 2.500 m². It kompleks soe yn syn eksploitaasje CO2-neutraal wurde moatte en op de boppeste etaazje in panoramaromte foar gearkomsten en besikers herbergje moatte, wat betsjut dat de aluminium kape om it reservoir ferfongen wurdt troch glêzen wannen. Under it gebouw wurdt in eigen parkearfoarsjenning makke. De Wettertoer wurdt oplevere as duorsumste kantoar fan Nederlân mei in MIG-score fan mear as 1000 punten. It projekt is ûntwikkele troch it Bussumsk Wettertoerkollektyf, besteande út Michiel Haas van NIBE en Bob Custers fan Vocus arsjitekten út Bussum dy't it ûntwerp tekene.

Begjin april 2010 koe eigener Meeuwsen Ten Hoopen Belestingadviseurs en Accountants yn it gebou.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]