Westfrysk Genoatskip
It Westfrysk Genoatskip (Westfries Genootschap) is in regionale histoaryske feriening út de Nederlânske regio West-Fryslân dy't krewearret foar it bewarjen fan it West-Fryske kultuergoed. It kantoar is sûnt 1972 festige yn it Timmermansgildehûs yn Hoarn.
De feriening waard 6 augustus 1924 oprjochte as Historisch genootschap “Oud West-Friesland”. De oanlieding dêrta wie de wize wêrop men neffens guons de regio West-Fryslân feroarje liet "zonder er een hand naar uit te steken".[1] It doel fan de feriening is om yn it gebiet binnen de Westfryske Omringdyk en de omkriten en op Wieringen it streekeigene te behâlden, en it oansjen fan it goa sa folle as kin yn de oarspronklike tastân te bewarjen.[2]
De feriening jout alle jierren in bondel út, West-Frieslands Oud & Nieuw. Teffens hâldt de feriening elts jier in Westfriezendei (earste sneon yn septimber), in moetingsdei foar de leden. Yn 2007 krige de feriening regionaal omtinken mei it útjaan fan it Westfrieslandspel, in soarte fan Triviant mei fragen oer it hjoed en ferline fan West-Fryslân, dêr't in pear tûzen fan ferkocht waarden.[3]
De feriening hie begjin jierren 90 noch goed 3000 leden. Dat tal rûn lykwols stadichoan tebek, faaks foaral troch konkurrinsje fan lokale histoaryske genoatskippen. Yn 2007 waard besocht dy delgong te kearen mei in grutte ledewinaksje.[4]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|