Westerhûs
Westerhûs wie in state oan de Hege Hearewei ten westen fan Marrum yn de gemeente Ferwerderadiel, ten noardeasten fan de Westerhúsleane.
It bûten lei by twa kleasterpleatsen dy't nei de Reformaasje yn 1580 troch de oerheid yn beslach nomd waarden.
Yn 1640 wienen se noch eigendom fan de Steaten fan Fryslân, dy't se yn 1644 ferkochten. Yn 1698 en 1700 wienen se eigendom fan Sioerd Tierckx Westerhuis, earst fermeld as skepen fan Ljouwert en letter as boargemaster fan Ljouwert. Hy sil mooglik bouhear west hawwe fan de bûtenpleats. Neffens it floreenkohier fan 1700 wie “Burgemeester Westerhuijs” sels brûker fan de 74 pûnsmiet (27 ha.) lân dy't hearde by “een plaats, Westerhuis state”.
Syn dochter Dieuwke boaske yn 1697 Johannes Wielinga dy't yn 1709 stoar. Hja liet as widdo yn 1723 in bank snije yn de tsjerke en bestelde yn 1724 in stek foar it bûten, beide by Jacob Sydses Bruinsma [1]. Yn 1728 wurdt se noch neamd yn it stimkohier, wyls Johannes Martens dan brûker fan de pleats is. Yn 1832 is it gehiel eigendom fan J.W.M. baron Collot d’Escury te Leien.
Eigeners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- oant 1580 kleastergoed
- 1580 – 1644 Steaten fan Fryslân
- 1698 Sioerd Tierckx Westerhuijs
- Dieuwke Westerhuis en Johannes Wielinga
- J.W.M. baron Collot d’Escury
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|