Springe nei ynhâld

Wenedyk

Ut Wikipedy

It Wenedyk is in naturalistyske keunsttaal, dy't yn 2002 makke waard troch de Nederlanner Jan van Steenbergen. It is basearre op it fulgêr Latyn, mar folget deselde ûntwikkeling as dy fan it Poalsk út it Oerslavysk, wat resultearre yn in Romaanske taal dy't derút sjocht as in soartemint Poalsk.

It Wenedyk spilet in rol yn 'e alternative skiednis titele Ill Bethisad, wêr it ien fan 'e offisjele talen is fan 'e Republyk fan de Twa Kroanen.

It Us Heit yn it Wenedyk:

Potrze nostry, kwały jesz en czałór, sąciewkaty si twej numię.
Owień twej rzeń.
Foca si twa włątać, komód en czału szyk i sur cierze.
Da nów odzej nostry pań kocidzany.
I dziemieć nów nostrze dziewta, komód i nu dziemiećmy swór dziewtorzór.
I nie endycz nosz en ciętaceń, uta liwra nosz dzie mału.
Nąk twie są rzeń i pociestać i głurza, o siąprz. Amen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]