Wenceslas Hollar
Wenceslas Hollar | ||
keunstner | ||
Portret Wenceslas Hollar nei Jan Meyssens | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Václav Hollar | |
nasjonaliteit | Tsjechysk | |
berne | 13 july 1607 | |
berteplak | Praach | |
stoarn | 25 maart 1677 (69 jier) | |
stjerplak | Londen | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Etser, tekener | |
streaming | Barok | |
offisjele webside | ||
gjin |
Václav Hollar, mear bekend as Wenceslaus, Wenceslas of Wenzel Hollar (yn Dútslân) (Praach, 13 july 1607 – Londen, 25 maart 1677), wie in Boheemsk etser en tekener.
Hy waard berne yn Praach as soan fan in amtner yn in katolike húshâlding. Doe't er 20 jier wie ferliet er Praach om yn Frankfurt te studearjen by Matthäus Merian, de ferneamdste koperstekker fan syn tiid. Syn earste boek mei etsen waard publisearre yn 1635 yn Keulen; hy wie doe 28 jier.
Yn 1637 ferfear er nei Ingelân ta dêr't er in grut part fan syn libben tahâlde soe. Yn 1645 gie er nei Antwerpen fanwegen de boargeroarloch (1642-1645) yn Ingelân; hy bleau dêr oant yn 1652. Hy stoar yn Londen, dêr't er beïerdige waard yn Saint Margaret's Church, Westminster.
Wenzel Hollar wie net allinne ien fan de bêste keunstners fan syn tiid, mar ek ien mei de grutste produksje. Syn tige sekuere, realisyske wurk beslacht om de 400 tekeningen en mear as 3000 etsen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Hollânske fluitskippen yn de 17e iuw, 1647
-
De 'Heu fan Brussel', beurtskip tusken Brussel en Antwerpen, 1648
-
Woman with high crowned hat
-
Abraham en Lot geane har eigen paad