Wenceslas Hollar

Ut Wikipedy
Wenceslas Hollar
keunstner
Portret Wenceslas Hollar nei Jan Meyssens
Portret Wenceslas Hollar nei Jan Meyssens
persoanlike bysûnderheden
echte namme Václav Hollar
nasjonaliteit Tsjechysk
berne 13 july 1607
berteplak Praach
stoarn 25 maart 1677 (69 jier)
stjerplak Londen
wurkpaad
wurksum as Etser, tekener
streaming Barok
offisjele webside
gjin

Václav Hollar, mear bekend as Wenceslaus, Wenceslas of Wenzel Hollar (yn Dútslân) (Praach, 13 july 1607Londen, 25 maart 1677), wie in Boheemsk etser en tekener.

Hy waard berne yn Praach as soan fan in amtner yn in katolike húshâlding. Doe't er 20 jier wie ferliet er Praach om yn Frankfurt te studearjen by Matthäus Merian, de ferneamdste koperstekker fan syn tiid. Syn earste boek mei etsen waard publisearre yn 1635 yn Keulen; hy wie doe 28 jier.

Yn 1637 ferfear er nei Ingelân ta dêr't er in grut part fan syn libben tahâlde soe. Yn 1645 gie er nei Antwerpen fanwegen de boargeroarloch (1642-1645) yn Ingelân; hy bleau dêr oant yn 1652. Hy stoar yn Londen, dêr't er beïerdige waard yn Saint Margaret's Church, Westminster.

Wenzel Hollar wie net allinne ien fan de bêste keunstners fan syn tiid, mar ek ien mei de grutste produksje. Syn tige sekuere, realisyske wurk beslacht om de 400 tekeningen en mear as 3000 etsen.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sicht op Londen fan Bankside ôf

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Wenzel Hollar