Welgelegen (Jobbegea)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Welgelegen is in streek benoarden de Tredde Slûs en leit yn de doarpen Jobbegea, Hoarnstersweach, Lippenhuzen en de Himrik yn de gemeente It Hearrenfean. De namme komt mooglik fan in eartiids kafee mei dizze namme. Yn 1848 stiet de namme op in kaart. Yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw is dêr in wei kaam mei de namme 'Welgelegen', en in rekreaasjebosk.