Weidumer Feart
Appearance
De Weidumer Feart is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart rint fan Weidum nei de west rinnende Jorwerter Feart dy't ûnder it spoar Starum-Ljouwert trochrint nei Jorwert.
De Amerikaanske wynmotor Weidumermûne stiet oan de feart. De feart heardt efterinoar by wetterskip De Oosterwierumer Oudvaart (1918-1979), De Middelsékrite (1979-1997), Marne-Middelsee (1997-2004) en Wetterskip Fryslân (sûnt 2004).
De namme Weidumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Weidumervaart.