Wear (rivier)

Ut Wikipedy
Noard-Ingelân mei de rin fan de Wear

De Wear is in rivier yn it noardeasten fan Ingelân. De Wear ûntspringt yn de omkriten fan Wearhead yn de gemeente Stanhope yn it Penninysk berchtme yn it greefskip County Durham. De Wear rint troch de Weardelling (Weardale) oer de stêd Durham nei it easten om nei 107 km by Sunderland yn de Noardsee út te mûnjen.

Understreams fan Chester-le-Street is de Wear in tijerivier.