Penninysk Berchtme
It Penninysk Berchtme of de Penninen is in berchkeatling fan likernôch 400 kilometer langte yn it noarden fan Ingelân. It heechste punt is de Cross Fell yn Cumbria, fan 893 m.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bechtme foarmet fan súd nei noard in ûnûnderbrutsen berchrige fan it Peak District yn de Midlands (by Derbyshire) ôf, troch de saneamde Yorkshire Dales, parten fan de regio Grut-Manchester, it west-Penninyske feangebiet yn Lancashire en Cumbrian Fells oant oan de hichten fan Cheviot by de Skotske gryns (de Noard Penninen).
It berchtme is de meast wichtige wetterskieding yn Noard-Ingelân en ferdielt it lân yn de westlike- en de eastlike gebieten.
- De rivieren de Eden, Ribble en de Mersey ûntspringe allegear yn it Penninysk Berchtme en rinne nei it westen ta nei de Ierske See.
- Oan de eastkant fan de wetterskieding streame de Tyne, Tees, Wear, Swale, Ure, Calder, Aire, Don en de rivier de Trent nei de Noardsee.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De westkant fan it berchtme kriget fanwege de meast westlike (see)wyn folle mear rein as de eastkant. Ut by de bergen omheechgeande lucht ûnstiet orografyske stigingsrein. Sa komt it dat yn Manchester yn it westen 806 mm it jier delslach hat en yn Leeds, dat sa'n 70 km eastlik fan de bergen yn it reinskaad leit, mar 660 mm it jier falt.
Lânskipsbyld fan de Penninen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De Penninen yn it Forest of Bowland
-
De Penninen yn Derbyshire
-
Typysk Penninysk lânskip