Aire (Ingelân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Aire krekt besuden Malham
Aire yn Leeds.

De Aire is mei in lingte fan 259 km de fjirde rivier fan Grut-Brittanje. De rivier ûntspringt op in hichte fan 377 meter boppe seenivo ûnder Malham. Dêrnei streamt de rivier troch it westen fan Yorkshire, it yndustrygebiet Airedale en de yndustrystêd Leeds om by Airmyn (myn is it âlde Ingelske wurd foar riviermûning) yn de Ouse út te mûnjen.

By Malham rint de Aire troch de Gordale Scar, in nauwe kleau mei ferskate wetterfallen. Castleford is it plak dêr't de Aire en de Calder gearrinne; justjes streamôf fan dy gearrin stie it ford dêr't in âlde dyk nei de stêd York, dy't al troch de Romeinen brûkt waard, de rivier kruse. In diel fan de Aire is kanalisearre en wurdt de Aire and Calder Navigation neamd.