Springe nei ynhâld

Watt en Halfwatt

Ut Wikipedy
Watt en Halfwatt, 1947
Watt en Halfwatt op besite yn Nederlân, 1924

Watt en Halfwatt wie de Nederlânske namme foar it Deenske koartswillige duo "Fyrtårnet og Bivognen" dat yn de jierren '20 (fan de 20e iuw) yn heul Europa in protte súkses hie mei slapsticks yn stomme films.

Allinne al tusken 1910 en 1920 makken de beide Denen 200 films fan 20 minuten langte. Yn de tiid fan de stomme film wie it wenst dat artysten yn eltse taal mei in oare namme brocht waarden. Omdat der gjin tekst by de film wie bekroade nimmen him dêroan. De film "1000 Worte Deutsch" kaam yn 1930 mei lûd yn de bioskoop en yn 1932 makke it pear harren lêste film.

De langliddige Carl Schenström en de behindige Harald Madsen waarden yn Nederlân sprekwurdlik "Watt en Halfwatt" neamd; dêr wurde ek twa bot ûngelikense minsken mei oantsjut.

Watt en Halfwatt yn oare talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Dútsk: Pat und Patachon
  • Deensk; Fyrtårnet og Bivognen ('fjoertoer en bywein')
  • Noarsk: Telegrafstolpen og Tilhengern ('telegraafmêst en oanhinger'0
  • Ingelsk: Long and Short.
  • Turksk: Düz Taban’la Bastı Bacak ('platfoet en langskonk')

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]