Harald Madsen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Harald Madsen (Silkeborg, 20 novimber 1890 - Usseroed, 13 july 1949) wie in Deensk filmakteur en komyk. Hy die mei oan 51 films tusken 1917 en 1948.

Madsen wie de helte fan it koartswillich duo "Fyrtaartet og Bivogen" dat yn Nederlân bekend waard as "Watt en Halfwatt". Madsen wie dêrfoar sirkusartyst en fariëtee-artyst. Under de Twadde Wrâldoarloch wurke er foar Cirkus Benneweis.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Watt en Halfwatt op besite yn Nederlân, 1924
  • Han, hun og Hamlet (1932)
  • I kantonnement (1932)
  • I de gode gamle dage (1940)
  • Calle og Palle (1947)