Warren Buffett

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Warren Buffett

Warren Buffett (Omaha, 30 augustus 1930) is Amerikaanske sakeman en ynvestearder. Hy is mei 38 persint fan de oandielen grutoandielhâlder yn Berkshire Hathaway, en is ien fan de rykste persoanen fan de wrâld. Hy wikselt fan nûmer ien nei twa mei Bill Gates. Syn fermogen wurdt rûsd op likernôch $52 miljard dollar. De kredytkrisis hat Buffet net goed dien, dôchs wit hy der wol in slaadsje út te slaan troch in belang te nimmen yn de sakebank Goldman Sachs.

Buffet hat de bynamme “it orakel fan Omaha”, en is it twadde bern fan Howard Buffet. Howard Buffet hie in sit yn it Hûs fan Offurdigen. Warren Buffet hat in oplieding hân oan de universiteit yn Nebraska. Hy studearre ekonomy yn Pennsylvania, en folge hjir kolleezje by Benjamin Graham. Nei syn stúdzje wurke Buffet in skoftke yn Graham’s bedriuw. Dêrnei gie hy werom nei Nebraska en rjochte syn eigen ynvestearringsbedriuw op.

Fan jongs ôf oan wie hy dwaande om jild te fertsjinjen. Ien fan syn grutste ynvestearrings wie yn American Express. Dêrneist ynvestearre hy yn Berskhire Hathaway, dat doe in tekstylbedriuw wie. Doe't Buffet de kontrôle krige oer it bedriuw, sette hy de tekstylyndustry stadichoan stil en ferkocht it. Hy makke fan it bedriuw in ynvestearringsmaatskippij. Buffet ynvestearret yn bedriuwen mei groeipotinsjeel op de lange termyn. Ek ynvestearret Buffet yn grutte bedriuwen as Coca Cola en Gillette. Hy ynvestearret net yn High Tech bedriuwen, de ynternetbûle is dan ek oan him foarby gien.

Hy hat in grut fermogen mar hy wennet noch altyd yn in middenklasse hús dat hy 50 jier lyn kocht foar $31.000. Hy rint net yn maatpakken en jout himsels in ynkommen fan om-ende-by $100.000. De rest fan it jild bliuwt yn it bedriuw.

De rykste man yn de wrâld makke wrâldnijs doe't hy foarrich jier oankundige dat in grut diel fan syn fermogen nei it goede doel gean soe. Dit sil barre op in hiel eigensinnige wize. Hy rjochtet net as oaren in eigen stifting op mei syn namme op om dy manier eare en rom te krijen. Hy jout it jild oan de Bill en Melinda Gates Foundation. Buffet fûn it net nedich om in eigen stifting op te rjochtsjen. It soe allinnich mar jild kostje. Syn trije bern en dochter ferjit er net. Mar oer de top ryk sille se net wurde. Hy seit dat syn bern genôch krije om te dwaan wat se wolle mar se krije net safolle dat se nea mear wat hoege te dwaan.

As rykste Amerikaan is hy in demokraat yn ieren en sinen. Hy is kritysk oer de wolfeart yn syn heitelân. Sa fynt hy it belestingklimaat yn syn lân net goed. Net omdat hy syn eigen taryf te heech fynt. Hy fynt dat it net sa wêze kin dat syn sekretaresse relatyf sjoen mear belesting betellet as hijsels.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]