Springe nei ynhâld

Wapen fan Ysbrechtum

Ut Wikipedy
Wapen fan Ysbrechtum

It wapen fan Ysbrechtum is it wapen fan it doarp Ysbrechtum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1977 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Mei in omkearde mantel: boppe fan blau, belein mei in lizzende wassenaar fan sulver, ûnder fan read en oer alles hinne in gaffel fan goud, beselskippe fan twa ôfprinte, reagerkoppen foarinoar oer fan sulver, oan alletwa kanten fan de gaffel ien.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, kiel (read) en goud.

  • Gaffel: foarmet de letter "Y" fan de plaknamme. Ek is it in ferwizing nei it krusen fan diken yn it doarp. De gaffel hat de kleur goud, oernommen út it wapen fan de famylje Fan Burmania, dy't de Epemastate by it doarp bewenne.
  • Wassenaar: oernommen út it wapen fan de famylje Gravius, dy't ek de Epemastate bewenne ha.
  • Reade fjilden: steane foar de bebouwing fan it doarp.
  • Reagerkoppen: ferwize nei de reagerkoloanje dy't fêstige is yn in bosk by de Epemastate.