Wapen fan Wikel
Appearance
It wapen fan Wikel is it wapen fan it doarp Wikel, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in opfleande reade wikel, yn de boppeste skyldhoeken beselskippe mei in roas, alles fan kiel; en in skyldfoet fan sinopel, dêr't in hoarn fan sulver op pleatst is.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sinopel (grien) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Reade Wikel: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Wijckel. It makket it wapen ek sprekkend.
- Reade roazen: ek oernommen út it wapen fan de famylje Fan Wijckel.
- Hoarn: oernommen út it wapen fan Menno fan Coehoorn, dy't de state Meerenstein bewenne. Ek is der in praalgrêf fan Fan Coehoorn yn de Fêste Boarchtsjerke fan Wikel.
- Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit. De kleur is oernommen út it wapen fan Gaasterlân-Sleat, de gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Grien fjild: ferwiist nei de polders fan it doarp. De kleur is oernommen út it wapen fan Gaasterlân-Sleat.