Wapen fan Rottum (Fryslân)
Appearance
It wapen fan Rottum is it wapen fan it doarp Rottum, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1992 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Keperd trochsneid troch in skâns fan kiel: I yn goud yn de rjochterboppehoeke in ferkoart krús en yn de linkerboppehoeke in rút, beide fan sabel; II yn sulver in sânpuntige stjer fan sinopel.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sabel (swart), sulver en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit.
- Ferkoart krús: symboal foar in úthôf fan de Dútske Oarder. De kleur swart is oernommen út it wapen fan de Grutte Sint-Jânsgeasterfeanpolder.
- Rút: stiet foar de rjochtspraak dy yn it doarp holden waard. De kleur swart is oernommen út it wapen fan de Grutte Sint-Jânsgeasterfeanpolder.
- Skâns: ferwiist nei de skâns dy súdlik fan it doarp yn 1583 bouwt is. De kleur read is oernommen út it wapen fan de Grutte Sint-Jângeasterfeanpolder.
- Sânpuntige stjer: ferwizing nei de lizzing fan it doarp yn de Sânwâlden. De kleur grien en sulver is oernommen út it wapen fan Sânwâlden.
-
Wapen fan De Grutte Sint-Jânsgeasterfeanpolder.