Wapen fan Rinsumageast
Appearance
It wapen fan Rinsumageast is it wapen fan it doarp Rinsumageast, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1987 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in griene dwersbalke, belein mei in gouden guozzefear; de balke fan boppe en fan ûnder beselskippe fan twa reade, burchten, iepene fan it fjild.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjilden: stiet foar de sângrûn út de plaknamme. "Geast" betekent hege sângrûn.
- Fjouwer burchten: ferwizing nei de fjouwer staten dy't yn it doarp stien hawwe. Dat wiene: Eysingastate, Juwsmastate, Melkemastate en Tjaardastate.
- Griene dwersbalke: stiet foar de griene omkriten fan it doarp.
- Guozzefear: stiet symboal foar de út Rinsumageast kommende kronykskriuwer Worp fan Thabor.