Springe nei ynhâld

Wapen fan Drylts

Ut Wikipedy
It wapen fan Drylts.

It wapen fan Drylts is it wapen dat foarhinne troch de Gemeente Drylts fierd waard, dy't yn 1984 opheft waard. Tsjintwurdich wurdt it noch fierd troch de stêd Drylts.

Op it wapen Fan lazuer beladen mei in skip fan goud, silende op in see fan lazuer en goud. It skyld is dekt mei in gouden kroan. It wapen wie eartiids in kogge ynstee fan in trijemêster lykas yn it hjoeddeiske wapen. It wapen is bekend sûnt 1584, mar út 1496 is in segel mei in kogge bekend. Op in oar 16e-iuwsk segel stiet lykwols in soldaat mei in swurd yn de rjochterhân.

De kogge is yn de rin fan de tiid faker fan foarm feroare. Uteinlik waard yn 1818 in trijemêster ferliend. Omdat de kleuren net bekend wienen waard it wapen yn rykskleuren ferliend. Neffens in folksferhaal soe it in skip sunder roer wêze en yn it wapen setten wêze, mei't in bepaalde kaptein altiten syn skip sûnder roer de haven yn wist te farren. Op it wapen stiet sûnt 1968 in wat ôfwikende kroan. Ynstee fan de fiifblêdige kroan waard de yn Nederlân frjemde muorrekroan brûkt. Dit wapen waard ek op gemeentlike foertugen setten. It wapen waard opnomd as hertskyld yn it nijste wapen fan Wymbritseradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: