Wapen fan Baarderadiel
It wapen fan Baarderadiel is it wapen dat fan 1851 oant 1984 troch de gemeente Baarderadiel fierd waard en dêrfoar troch de gritenij Baarderadiel. It is in dield wapen (d.w.s. fertikaal midstwa spjalte). De rjochterhelte hat in blau fjild mei twa goudene (of giele) seishoekige stjerren ûnderinoar. De lofterhelte bestiet út in swarte Fryske heale earn op in gouden (of giel) fjild.
Dit wapen moat ûntstien wêze tusken 1597 en 1622 en liket in gearfoeging te wêzen fan 'e famyljewapens fan 'e doetiidske grytman fan Baarderadiel Ulbe fan Aylva en dy syn frou Sjouck fan Heringa of fan syn soan Hobbe fan Aylva en dy syn frou Frouck fan Aylva. Yn sawol it wapen fan 'e Aylva's as dat fan 'e Heringa's/Camstra's komt ntl. in seispuntige stjer foar. De heale earn is in karakteristyk symboal yn Fryske famyljewapens, dat in aadlik of foaroansteand eigenierd komôf oanjout.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|