Wallertheim
Wallertheim | ||
Gemeentehûs (eardere synagoge) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Alzey-Worms | |
ferbânsgemeente | Wörrstadt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.769 (2022)[1] | |
Oerflak | 8,1 km² | |
Befolkingsticht. | 218 ynw./km² | |
Hichte | 127 m | |
Oar | ||
Postkoade | 55578 | |
Koördinaten | 49° 50' N 8° 3' E | |
Offisjele webside | ||
www.wallertheim.de | ||
Kaart | ||
Wallertsheim is in plak yn 'e lânkring Alzey-Worms yn 'e dielsteat Rynlân-Palts yn Dútslân. It plak is ien fan 'e Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Wörrstadt.
It wyndoarp leit sintraal yn it Rynhessyske wynbougebiet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste bewarre fermelding fan Wallertheim datarret út 1250, doe't it kleaster Otterberg dêr besit hie.
Yn 1933 wennen yn Wallertheim 36 joaden. Op 8 novimber 1938 (Kristallnacht) waard de synagoge fernield en yn 'e brân stutsen. Ek waarden hûzen fan joaden oanfallen en wie der geweld tsjin joaden sels. Alle Wallertheimer joaden hiene it plak yn 1940 al ferlitten, 26 fan har binne by de Holocaust omkommen. De earder synagoge waard yn 1952 oan 'e gemeente ferkocht, dy't it ferboude ta riedshûs. Sûnt 2007 is oan 'e bûtenmuorren in betinkingsplakette oanbrocht.
Argeology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de dei fan hjoed wurde der argeologyske fynsten yn Wallertsheim dien. Nei alle gedachten is it Wallertheimer hûntsje út it La Tène-tiidrek de bekendste fynst. It hûntsje, ek wol "ús Kelti" neamd, mjit 2,1 sm lang en 1,6 breed en is fan blau glês mei wyt en giel glêstried makke. It waard yn 1951 by in pear Keltyske grêven fûn en wurdt hjoed-de-dei yn it Mainzer Landesmusuem bewarre.[2]
Fierder binne der hynderkes fûn, in foarâlder fan it hjoeddeiske hynder, dy't 10.000 jier lyn útstoar, en in foarâlder fan 'e hjoeddeiske hûsezel, dy't ek sa'n 10.000 jier lyn útstoar.
Ut de stientiid stamme resten fan 'e jachtbút fan Neändertalers, dy't op wisenten jaagden.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Protestantske tsjerke.
-
Roomske Simon en Judastsjerke.
-
Oarlochsmonumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|