Waliid al-Husseini

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Waliid al-Husseini (Ingelske stavering: Waleed al-Husseini; Kwalkilya, 25 juny 1989) of Walid Husayin (Arabysk: وليد الحسيني) is in Palestynske eks-moslim-aktivist, essayist, skriuwer en blogger. Yn oktober 2010 arrestearre de Palestynske Autoriteit him foar ûnderstelde blasfemy tsjin de islam op Facebook en yn blochposts. De arrestaasje krige ynternasjonaal in protte omtinken. Hy koe letter ûntkomme nei Frankryk, dêr't er mei sukses asyl oanfrege. Yn 2013 stichte er de Ried fan Eks-Moslims fan Frankryk en yn 2015 skreau er syn earste boek, Blasphémateur!: les prisons d'Allah ('Godslasterder!: de finzenissen fan Allah') oer syn ûnderfiningen.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fraachpetear fan Maryam Namazie mei Al-Husseini oer Blasphémateur (2016).
  • Blasphémateur ! : les prisons d'Allah, 2015, Grasset (ISBN 978-2-246-85461-6)
    • Ingelsk: Al-Husseini, Waleed. 2017 The Blasphemer: The Price I Paid for Rejecting Islam. New York City, Skyhorse Publishing ISBN 9781628726756
  • Une trahison française : Les collaborationnistes de l'islam radical devoilés ("A French Treason: The Collaborators of Radical Islam Unveiled"), 2017, Éditions Ring ISBN 979-1091447577

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: