Walfridus
Walfridus | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 9e iuw | |
stjerdatum | 9e iuw | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop | Boer, lânoanmakker | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | lokaal fereare yn de Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | (oarspronklik) 22 juny | |
attributen | Skeppe |
Walfridus (ek Wolfryt) libbe tusken 950 en 1000 en wie in lânoanmakker yn de omkriten fan it lettere doarp Bedum. Walfridus waard tegearre mei syn soan fermoarde troch wytsings en yn de midsiuwen fereare as martler.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in vitae wiene Walfridus en syn soan Radfridus boeren, dy't it sompige lân oanmakken en as fromme kristenenen bekend stiene. Hja tsjerken yn de Sint-Martenstsjerke fan Grins, doe noch in doarpke en alle dagen makken hja de reis nei Grins om de misse by te wenjen. Ek makken hja mei in begjin oan it bedykjen fan de kontrijen, de Wolddyk, dy't fan Grins om Bedum hinne rint oant Woltersum en ien fan de âldste diken fan Nederlân is, en bouden hja in brêge oer de Hunze, dy't troch syn famylje ûnderholden waard.
Doe't wytsings op ien fan harren lêste tochten yn de Fryske lannen húsholden en it doarp Grins plonderen, werby't ek de Martenstsjerke yn brân stutsen waard, kamen hja op de weromreis nei harren skippen Walfridus en Radfridus tsjin. Neffens de hagiograaf Rosweyde waard Walfridus ûnthalze en it lichem fan Radfridus nei ferrin fan tiid yn it reit werom fûn. De wytsings soene Walfridus earst noch meinommen ha en it lichem pas tsjin it beteljen fan losjild oerdroegen ha oan de famylje.
Nei't der mirakels by de grêven fan Walfridus en Radfridus plakfûnen, waarden se al gau as folkshilligen fereare. Oer de grêven waarden houten kapellen boud, letter ferfongen troch stiennen tsjerken. De biskop fan Münster ferklearre Walfridus en Radfridus hillich, mar Rome hat dy status nea ferliend.
Bedum ûntwikkele him as beafeartsplak en dat soe oant de reformaasje sa bliuwe. Oer it grêf fan Walfridus waard yn de 16e iuw in begjin makke mei de bou fan in beafearttsjerke fan stedske alluere. Nei de reduksje fan Grins waard de nijbou, it heechkoer, wer ôfbrutsen om't de nije lear it pylgerjen ferbea en it doarp sels wol mei in lytsere tsjerke ta koe. Ek de romaanske tsjerke oer it grêf fan Radfridus, sa'n 300 meter westlik fan de Walfridustsjerke, waard nei de reformaasje ôfbrutsen. Unbekend is wêr't de reliken fan de hilligen bedarre binne.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Bedum wurdt Walfridus noch yn eare holden troch de namme fan de herfoarme tsjerke en de roomske basisskoalle. Op in plein oan de Walfridusleane stiet yn Bedum in byld fan Iris Le Rütte. Yn de roomske Marije-Himelfearttsjerk fan Bedum wurdt Walfridus ek mei in byld betocht.
Ek yn it Grinslânske Hellum stiet noch in Walfridustsjerke. Oer it Van Starkenborghkanaal leit by Grins in moderne spoarbrêge, dy't nei de hillige ferneamd is.
Yn it earste wykein fan septimber wurdt alle jierren in Walfridustocht organisearre, in kuiertocht oer âlde tsjerkepaden yn de kontrijen dêr't Walfridus libbe.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|