Springe nei ynhâld

Waldbronn

Ut Wikipedy
Waldbronn
Roomske tsjerke fan Etzenrot
Roomske tsjerke fan Etzenrot
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Karlsruhe
Stedsyndieling 3 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 13.235 (2022)
Oerflak 11,35 km²
Befolkingsticht. 1.166 ynw./km²
Hichte 261 m
Oar
Postkoade 76337
Koördinaten 48° 55' N 8° 28' E
Offisjele webside
www.waldbronn.de
Kaart
Waldbronn (Baden-Wuertemberch)
Waldbronn

Waldbronn is in gemeente yn it Albtal yn it noarden fan it Swarte Wâld. De gemeente heart by de lânkring Karlsruhe yn 'e Dútske dielsteat Baden-Württemberg.

Waldbronn leit oan 'e râne fan it Alb-Pfinz-plato yn 'e delling fan 'e rivier de Alb, likernôch 10 kilometer súdeastlik fan Karlsruhe.

De gemeente bestiet sûnt 1972 troch gearfoeging fan 'e folgjende plakken (Ortsteile):

  • Busenbach (ynwennertal 2019: 5883)
  • Etzenrot mei Neurod (ynwennertal 2019: 2184)
  • Reichenbach (ynwennertal 2019: 5512)

In jier earder wiene Reichenbach en Etzenrot al ta ien gemeente fusearre. De trije plakken hawwe in âlde skiednis en waarden yn 1292 foar it earst neamd.

Waldbron is in roomsk-katolike gemeente. Alle trije plakken hawwe in katolike tsjerke. Sûnt 1973 is der ek in protestantske gemeente mei in tsjerke yn Reichenbach.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Waldbronn fan Wikimedia Commons.