Springe nei ynhâld

Paul Earste Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wabamun Reservaat 133A)
Paul Earste Naasje
Ingelsk Paul First Nation
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Alberta
haadkertier Wabamun (Alberta)
etnisiteit Stony, Kry
ledetal 1.900 (2005)
oprjochting 1877
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Wabamun Reservaat 133A
Wabamun Reservaat 133B
Buck Lake Reservaat 133C
lokaasje sintraal Alberta
oerflak 731/2 km²
ynwennertal 1.100 (2011)
kaart
Paul Earste Naasje (Alberta)
Paul Earste Naasje
Lokaasje yn Alberta.

De Paul Earste Naasje (Ingelsk: Paul First Nation), foarhinne de Paul Troep (Paul Band) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it sintrale part fan 'e provinsje Alberta. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) As offisjele stamme-organisaasje datearret de Paul Earste Naasje fan 1877. It haadkertier is fêstige yn Wabamun, yn Alberta, in doarp dat 67 km bewesten de stêd Edmonton leit.

Neffens gegegevens út 2005 hie de Paul Earste Naasje doe 1.900 leden. Dat binne foar it meastepart út etnyske Stony (Stoney), fan 'e substamme fan 'e Noardlike Stony, mei dêropta noch in groep Kry (Cree), fan 'e Wâld-Kry-substamme. Mei't der troch de jierren hinne mar frijwat yninoar omtroud is, leit in yndieling neffens etnyske skiedslinen wat dreech, mar rûchwei kin sein wurde dat der likernôch 1.600 Stony en sa'n 300 Kry wêze moatte.

De Paul Earste Naasje hat trije eigen reservaten yn 'e omkriten fan Wabamun, dy't yn totaal 73½ km² beslane en yn 2011 in ynwennertal hiene fan 1.086 minsken. It giet om 'e folgjende reservaten:

  • It Wabamun Reservaat 133A (Wabamun 133A Reserve), oan Lake Wabamun, likernôch 70 km bewesten Edmonton, hat in oerflak fan 61,2 km², en der wennen yn 2011 1.069 minsken.
  • It Wabamun Reservaat 133B (Wabamun 133B Reserve) leit ek oan Lake Wabamun, deunby 133A, mar is folle lytser, mei in oerflak fan 1,8 km² en (yn 2011) in befolking fan 17 minsken.
  • It Buck Lake Reservaat 133C (Buck Lake 133C Reserve), leit net fier fan 'e oare beide reservaten ôf en hat in oerflak fan 10,4 km². Dit reservaat waard yn 1918 swier troffen troch de wrâldwide epidemy fan 'e Spaanske gryp, en is sûnt frijwol ûnbewenne.

De opperhaden fan 'e Paul Earste Naasje fan 'e Noardlike Stony ûndertekenen yn 1877 in offisjeel dokumint wêrmei't se harren oansleaten by it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Britske koloniale autoriteiten fan Kanada. Yn 1892 waarden offisjeel de trije reservaten fan 'e Paul Earste Naasje oprjochte. Mei't de Wabamunmar yn Alberta in populêre fakânsjebestimming is, hat de stamme op reservaatlân de Ironhead Golf and Country Club oanlein, om mei te profitearjen fan it toerisme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.