Springe nei ynhâld

Waach (Kollum)

Ut Wikipedy
Waach (Kollum)
bouwurk
lokaasje
Gemeente Noardeast-Fryslân
plak Kollum
adres Westerdjipswâl 4
bysûnderheden
type bouwurk Waach, wente
boujier 1614, 1779 (fannijs boud)
1895 (ferboud ta wenning)
1975
boustyl Loadewyk XV-styl (dekoraasjes)
Loadewyk XVI-styl (dekoraasjes)
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 23739
Timpaan mei de wapens fan de bouhearen

De waach fan Kollum is in eardere waach yn Kollum. It hjoeddeistige pân is fan 1779.

Yn de 16e iuw hie Kollum him fan in doarp ta in flekke ûntjûn en waard neist de Fryske stêden in wichtich hannelssintrum. Kollum krige in gasthûs, in Latynske skoalle en in waach. Al yn 1536 wurdt melding makke fan in waach yn Kollum. De waach soe earst njonken it Alde Rjochthûs oan de Foarstrjitte stien hawwe, omdat dêr yn 1642 melding makke wurdt fan d' olde Waege. Yn 1608 waard de folmachten op de Landei opdroegen om in nije waach yn Kollum te bouwen. Yn 1614 waard de waach ferpleatst nei de Westerdjipswal. It waachrjocht waard yn earste ynstânsje ferpacht, mar yn 1661 waarden de opbringsten fan de waach oan de tsjerke fan Kollum gund om it fannijs opmeitsjen bekostigje te kinnen. Letter soe de tsjerke ek eigener wurde fan de waach.

Yn 1779 waard it hjoeddeistige gebou oan de Westerdjipswal set. De waach waard yn 1871 troch tsjerkfâden ferkocht oan in partikulier, mar it gebou bleau tsjinst dwaan as waach. It pân waard yn 1895 ferboud ta wente.

Yn 1968 waard it pân oanmurken foar ryksmonumint. De oarspronklike weachinstruminten binne noch lang oanwêzich west yn de wenning. Foar de ferbouwing fan 1975 wie de oarspronklik entree noch sichtber midden yn de foargevel.

It fronton wurdt sierd troch dekoraasjes yn Loadewyk XV- en Loadewyk XVI-styl. It pân hat in rjochte kroanlist. Boppe yn de foargevel sit in timpaan mei de nammen en wapens fan de bouhearen: Fokke Hylkes Eskes, (1696 -1778), bysitter en tsjerkfâd. Martinus van Scheltinga (1744-1820 ), grytman fan Kollumerlân tusken 1775 en 1795. Albert Luitjes, (1710 - ?), tsjerkfâd.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: