Würzbrunnentsjerke

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Würzbrunnentsjerke

Würzbrunnenkirche

Roethenbach Kirche Wuerzbrunnen-1.jpg
lokaasje
lân Flag of Switzerland (Pantone).svg Switserlân
kanton Flag of Canton of Bern.svg Bern
plak Röthenbach im Emmental-coat of arms.svg Röthenbach im Emmental
adres Würzbrunnen 294, 3538 Röthenbach im Emmental
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1494
boustyl Gotyk
webside Side grifformearde gemeente

De Würzbrunnentsjerke (Dútsk: Würzbrunnenkirche) is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de grifformearde gemeente Röthenbach im Emmental yn it Switserske kanton Bern. Njonken de tsjerketsjinsten wurdt it tsjerkje ek brûkt as troulokaasje. De tsjerke is in monumint fan nasjonaal belang.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't de tsjerke yn de roomske tiid oan Stefanus wijd waard, wie it in beafeartstjerke, dêr't de reliken fan de hillige Wolfgang fereare waarden.

Ynrjochting

Foar de hjoeddeiske letgoatyske tsjerke stie earder in houten tsjerke. Paus Eugenius III foege de Würzbrunnentsjerke en it lytse kleaster fan Röthenbach yn 1148 by it kleaster Rüeggisberg. Nei in brân yn 1494 waard de tsjerke yn it tsjintwurdich oansjen wer opboud. In stik ferkoald hout yn de nis fan de noardlike bûtenmuorre tsjûget noch fan dy brân.

Mei de reformaasje waard de tsjerke protestantsk en ferdwûnen de ôfbylden fan de hilligen ûnder in nije skilderlaach. Tsjintwurdich binne der noch fresko's by de yngongte sjen.

It oargel fan de tsjerke stamt út 1785 en wurdt noch jimmeroan brûkt. It ynterieur waard yn 1779 yn barokke foarmen mei bibelske teksten beskildere. Yn 1962-1963 is it ynterieur restaurearre.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke krige benammen bekendheid troch de ferfilmings fan de boeken fan Jeremias Gotthelf troch de regiseur Franz Schnyder.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kirche Würzbrunnen