Feriening foar Folksfermaken Sjirk de Wal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan VvV Sjirk de Wal)
Feriening foar Folksfermaken
Sjirk de Wal
Vereniging voor Volksvermaken Sjirk de Wal
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd keatsen, merke
fêstige yn Dronryp (Fryslân)
oprjochte 1893
offisjele webside
www.sjirkdewal.nl

De Feriening foar Folksfermaken Sjirk de Wal (Nederlânsk en offisjeel: Vereniging voor Volksvermaken Sjirk de Wal) is in Fryske keatsklub út it doarp Dronryp, yn it eardere Menameradiel. De feriening, oprjochte yn 1893, is ferneamd nei de Rypster keatsleginde Sjirk de Wal, in sânfâldich winner fan 'e PC.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne gjin skriftlike bewizen bewarre bleaun oer wannear't de Feriening foar Folksfermaken Sjirk de Wal oprjochte is, mar wol is bekend dat yn 1918 it 25-jierrich bestean fierd waard. Dêrút kin dus ôflaat wurde dat de feriening yn 1893 oprjochte wêze moat. Yn 't earstoan organisearre de feriening op jierlikse basis in keatspartij op it fjild njonken d' Alde Wite, de monumintale herfoarme tsjerke fan Dronryp. Ek de kastlein fan 'e herberge It Wapen fan Dronryp organisearre op datselde plak ien kear yn it jier in keatswedstryd, los fan 'e pleatslike keatsferiening. It is bekend dat al om 1880 hinne op datselde stee wedstriden ferkeatst waarden.

Meitiid groeide der in merke om 'e keatspartij hinne, dy't him ûntjoech ta de Rypster Merke. Dat evenemint waard nei ferrin fan tiid sa grut dat de organisaasje derfan de keatsferiening suver boppe de holle groeide. Sadwaande waard der doe in aparte merkekommisje yn it libben roppen, dy't alle omballingen oernaam dy't net direkt mei it keatsen te krijen hiene. Dy opdieling fan taken is oant hjoed de dei ta sa bleaun. Yn 2018 bestie de Feriening foar Folksfermaken Sjirk de Wal 125 jier, in heuchlik feit dat fierd waard mei in ekstra lange Rypster Merke fan 2½ wike.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grosso, Maria del, Jubileumdorpsfeest van 2,5 week, yn: de Ljouwerter Krante, 16 maaie 2018, s. 25.
  • ――, Historische kaatspartij op de Tsjerkebuorren, yn: van Wad tot Stad, 23 maaie 2018, s. 19.
  • ――, Kaatshelden van toen in actie bij historische partij, yn: de Frjentsjerter Krante, 23 maaie 2018, s. 11.