Vsevolod Abramovitsj

Ut Wikipedy
Eugenia Michailovna Sjakovskaja en Abramovitsj yn 1913

Vsevolod Michajlovitsj Abramovitsj (Russysk: Всеволод Абрамович Михайлович) (Odessa, 11 augustus 1890 - Berlyn, 24 april 1913) wie in Russysk loftfeartpionier.

Abramovitsj gong nei de middelbere skoalle nei Charlottenburg (Berlyn) om te studearjen oan de technyske universiteit. Op dat stuit naam er ek fleanlessen en yn 1911 krige er syn fleanbrevet. Hy gie oan 't wurk by Flugmaschinen Wright yn Johannisthal, it Dútske dochterbedriuw fan de bruorren Wright en waard dêr rillegau de wichtichste testpiloat.

Yn 1912 boude Abramovitsj syn eigen fleanmasine, de Abramovich Flyer, basearre op wat er leard hie yn it Wright-fabryk, en dêrmei fleach er nei Sint-Petersboarch om mei te dwaan oan in militêre fleantúchkompetysje.

Itselde jier sette er ek in wrâldhichterekôr fan 2100 m. en in tiidrekôr foar it ferfieren fan fjouwer passazjiers op in flecht fan 46 minuten en 57 sekonden.

Abramovitsj rekke dea by in fleantúchûngemak op 24 april 1913 wylst er fleanles joech oan Eugenia Michailovna Sjakovskaja yn Johannisthal. Net fier fan dat âlde fleanfjild is in strjitte nei him ferneamd.