Vriesland (Guyana)
Vriesland | ||
Bestjoer | ||
Lân | Guyana | |
Regio | Essequibo Islands- West Demerara | |
Neighbourhood Council |
Amsterdam/Vriesland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 530 (2012) | |
Oerflak | ûnbekend | |
Oar | ||
Stifting | 1832 | |
Tiidsône | UTC –4 | |
Simmertiid | gjint | |
Koördinaten | 6°41′20″N 58°11′51″W | |
Kaart | ||
Lokaasje yn Guyana.
|
Vriesland is in doarp yn de regio Essequibo Islands-West Demerara fan Guyana. It leit op de westlike igge fan de rivier Demerara.
Vriesland begûn as in sûkerplantaazje yn Demerara. Yn 1832 waarden yn totaal 255 slaven registrearre. De namme ferwiist nei de Nederlânske provinsje Fryslân, mar hoe't it plak krekt oan dy namme komt, is net witten.
Vriesland wurdt begrinze troch in koker (kanaal). De Wales Sugar Estate besiet eartiids 6.500 ha sûkerreidfjilden de koker bylâns en wie in wichtige wurkjouwer. Yn 2016 sleat eigener Guyana Sugar Corporation de Wales Sugar Estate en waard it bûten yn lytse perselen ferdield om as lânbougrûn ferkocht te wurden.
De ekonomy is basearre op lânbou, fiskerij en winkellju. It njonkenlizzende ViãLa-Force hat in sûnenssintrum en yn Patentia stiet in middelbere skoalle. Vriesland hat tagong ta wetter, elektrisiteit en telekommunikaasje.
Yn 2021 makke ExxonMobil plannen buorkundich foar de bou fan in ierdgasferwurkingsfabryk by Vriesland.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|