Vredenhof (Skiermûntseach)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Begraafplak Vredenhof op Skiermûntseach
Gedicht fan Lammert Wiersma oer Vredenhof

Vredenhof is in begraafplak op it eilân Skiermûntseach, oanlein foar de dêr oanspielde drinkelingen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it earstoan waarden oanspielde drinkelingen op Skiermûntseach begroeven yn de dunen. Yn de 19e iuw waard dat ferbean. Yn 1863 waarden sân bemanningsleden fan in strâne Sweedsk skip begroeven op in plak yn de buert fan it lettere Vredenhof. Ek letter waard der noch in drinkeldeade yn dizze omkriten begroeven. Yn 1917 namen inkele ynwenners fan Skiermûntseach it inisjatyf foar de stichting fan Vredenhof, in begraafplak foar oanspielde drinkelingen yn de Earste Wrâldoarloch. Ek drinkelingen út de Twadde Wrâldoarloch lizze hjir begroeven. It begraafplak leit benoardeasten it doarp oan de Reddingswei, ferskûle yn de bosken. It bierhúske is fan 1925 en is ûntwurpen troch K. Kuiper. Ien fan de stichters fan it tsjerkhôf, de hotelhâlder Sake van der Werff, waard der sels op 6 maaie 1955 begroeven. Nei syn ferstjerren kaam it behear fan it tsjerkhôf yn hannen fan de stichting "Vredenhof".

De âld-direkteur fan it loadswêzen yn Rotterdam, Lammert Wiersma skreau it gedicht Fredenhaf, in gedicht dat skreaun is yn it Skiermûntseachsk en dat opnomd is yn de taalrûte fan it eilân (sjoch ôfbyld).

Boek en film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sjoernalist Wibo van de Linde skreau Het geheim van Vredenhof, in jeugdrige dy't yn 1983 útstjoerd waard troch de TROS. It ferhaal spilet him ôf op en om Skiermûntseach, wêrby't de Vredenhof in sintrale rol spilet. De produsint fan de film, Jan Fischer, kocht ein 1982 it pleatslike hotel Van der Werff. Hy soe yn lettere jierren foarsitter fan de stichting "Vredenhof" wurde. Fanwege ûnder mear dizze aktiviteiten waard hy yn 2010 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau[1]. Nei syn ferstjerren yn 2014 waard Fischer beïerdige op Vredenhof.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Gemeente Schiermonnikoog Lintsjesrein op Skiermûntseach