Visible Light

Ut Wikipedy
Visible Light
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy en science fiction
1e publikaasje 1986, West Bloomfield
oarspr. útjwr. Phantasia Press
kodearring
ISBN 0 93 20 96 409

Visible Light is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Sichtber Ljocht".

It boek befettet seis koarte ferhalen wêrfan't guon ta it sjenre fan 'e fantasy hearre, wylst oaren ta science fiction rekkene wurde moatte. It foarwurd, neiwurd en de passaazjes tusken de ferhalen yn foarmje in trochrinnend fraachpetear fan Cherryh mei harsels, dat oanklaaid is as in sêne út ien har wurken. Fan 'e ferhalen wiene fiif al earder publisearre, foar it meastepart yn ferskate blomlêzings mei wurk fan oare auteurs.

Visible Light waard yn 1986 publisearre troch Phantasia Press yn West Bloomfield yn Michigan. It waard werpublisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books en foar de Jeropeeske merk troch de Britske útjouwerij Methuen.

Ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Cassandra (wûn de Hugo Award foar bêste koarte ferhaal yn 1979)
  • Threads of Time
  • Companions
  • A Thief in Korianth
  • The Last Tower
  • The Brothers

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: