Phantasia Press
Phantasia Press | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | West Bloomfield (Michigan) | |
oprjochte | 1978 | |
opdoekt | 1989 | |
oprjochter | Sidney Altus en Alex Berman | |
offisjele webside | ||
www.phantasiapress.com (deade link) |
Phantasia Press Inc. wie in lytse Amerikaanske útjouwerij dy't yn 1978 oprjochte waard troch Sidney Altus en Alex Berman. It bedriuw wie fêstige yn West Bloomfield, yn 'e Amerikaanske steat Michigan, en lei him útslutend ta op it publisearjen fan beheinde oplagen fan romans fan 'e sjenres fantasy en science fiction. Guon fan 'e publikaasjes wiene wiere earste edysjes, wylst oaren de earste hardcoveredysjes wiene fan boeken dy't earder as paperback útbrocht wiene. Yn 1989 beëinige Phantasia Press syn wurksumheden.
Ferneamde auteurs publisearren harren wurk by Phantasia Press, wêrûnder, Poul Anderson, Isaac Asimov, David Brin, Orson Scott Card, C.J. Cherryh, Arthur C. Clarke, Catherine Crook de Camp, L. Sprague de Camp, Philip José Farmer, Allan Dean Foster, Stephen King, Larry Niven, Jerry Pournelle, Mike Resnick, William Shatner, Robert Silverberg en Roger Zelazny. Ien fan 'e bekendere útjeften fan Phantasia Press wie de roman Forty Thousand in Gehenna, fan C.J. Cherryh. Guon omslachartysten dy't wurk leveren foar publikaasjes fan Phantasia Press, wiene George Barr, David A. Cherryh, Rowena Morrill en Michael Whelan.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) www.phantasiapress.com (deade link)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |