Vishwa Mohan Bhatt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Vishwa Mohan Bhatt

Vishwa Mohan Bhatt, ek ferneamd as V. M. Bhatt (Jaipûr, 12 july 1950) is in Yndiaask gitarist. Bhatt is ûntwerper fan in modifisearre slide guitar dy't er nei it Yndiaaske ynstrumint Vina ferneamd hat, Mohan Veena.[1] Hy makket Hindûstaanske klassike muzyk en wûn in Grammy Award yn 1994.

Bhatt komt út in famylje fan muzikanten en wie learling fan Ravi Shankar. Sûnt 1970 stiet er yn Yndia op de planken, ek as begelieder fan Ravi Shankar op dy syn toernees.

Bhatt is it ferneamdst fan syn album A Meeting by the River, yn'e mande mei Ry Cooder, dy't in Grammy award opsmiet. Hy hat teffens spile mei Westerske artysten lykas Taj Mahal, Béla Fleck en Jerry Douglas. Yn 2004 spile er op it Crossroads Guitar Festival, organisearre troch Eric Clapton, en berikte sadwaande in grutter publyk mei syn muzyk.

Hy ûntfong in Sangeet Natak Akademi Award yn 1998 en de Padma Shri yn 2002.

Folkmuzikant Harry Manx, dy't fiif jier by Vishwa Mohan Bhatt en syn âldste soan Salil Bhatt studearre, spilet in Mohan Veena. De Australyske muzikant Lawrie Minson jildt itselde foar. Matt Malley, bassist fan de Counting Crows spilet ek in Mohan Veena en is in learling en freon fan Vishwa Mohan Bhatt.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

V.M.Bhatt, optreden ynWarsjau, septimber 2009

Karút

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://cities.expressindia.com/fullstory.php?newsid=7430
  2. Berjocht:Cite web