Springe nei ynhâld

Vindicat Atque Polit

Ut Wikipedy
Wapens fan Mutua Fides, Vindicat atque Polit en Magna Pete
Studintesosjëteit Mutua Fides, Grutte Merk 27, Grins. It achtste ûnderkommen fan de studintesosiëteit dy't op 17 febrewaris 1815 oprjochte waard, ek oan de Grutte Merk

Grinzer Studintekorps Vindicat atque Polit ('Hanthavenet en Beskavet'), koartwei Vindicat of It Korps is in studinteferiening yn Grins dy't oprjochte waard yn 1815. De feriening hat de sosjéteit yn it pân Mutua Fides ('fertrouwen fan wjerskanten'), dat him oan de eastside fan de Grutte Merk yn Grins befynt.

Karakteristiken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vindicat atque Polit is de âldste studinteferiening fan Nederlân en de grutste[1] studinteferiening fan Grins. De feriening is in tradisjonele, algemiene, net-konfessjonele feriening. It lidmaatskip wie lang tiid allinnich foarbeholden oan manlike studinten. Op 1 maaie 1970 fusearre Vindicat atque Polit mei Magna Pete, it Grinzer korps foar froulike studinten.

Vindicat kent in ferplichte, koarte mar yntinsive yntroduksjetiid (ûntgriening), dêr't de feriening tanksij inkelde earnstige ynsidinten ferskate kearen in lanlik nijs mei helle hat.

De skiednis fan it Grinzer Studintekorps Vindicat atque Polit fynt syn woartels yn de earste foarms fan it studintelibben yn de earste en âldste studinteferbannen, ferienings en/of struktueren yn de stêd Grins. Foargongers dy't yn bepaalde sin model stien hawwe en de struktuer fan it úteinlike Korps beynfloede hawwe.

Eardere studintelibben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 17e en 18e iuw wennen studinten op keamers by partikulieren (hospita's) en koene yn de burse (de mensa) ite tsjin in lytse fergoeding. Der wiene doe noch net in soad gelegenheden foar útgean foar studinten yn 'e stêd, mar je koene wol nei de kroech, it kofjehûs of nei de keatsbaan. De universiteit soarge derfoar dat studinten dûnsles, hynderrydles of skermles nimme koene. De senaat fan de akademy fûn dat wol genôch. Toanielspyljen waard bygelyks as ûnseedlik en net befoarderlik foar de stúdzje sjoen en wie dan ek ferbean. Fan it begjin ôf ferbea de akademy it oprjochtsjen fan ferienings en ferbannen fan studinten. De akademyske senaat wie bang fan fersteurings fan 'e oarder en it oantaasten fan syn eare en goede namme. Dochs koe net behindere wurde dat studinten yn it geheim (yllegale) genoatskippen oprjochten, de saneamde collegia nationalia (ek wol nationes neamd). Dy wiene gearstald út stúdzjegenoaten dy't út deselde lânstripen en regio's kamen en dy nationes fersoargen bylgeks de ûntgrieningsseremoanjes. It iennichste dêr't studinten harren yn útlibje koene, wie de striid tusken der ferskillende nationes.

Al mei it oprjochtsjen fan de akademy yn 1614 waarden de Natio Hollandica en in jier letter de Natio Geldrica en Transisalana oprjochte, dy't fuortendaliks yn opspraak kamen troch it ronseljen fan nije studinten en it ôftwingen fan lidmaatskipsjild. Yn 1616 waard in natio oprjochte dêr't de Westfaalske studinten har yn ferienen en waard dêrneist de Landmannschaft van den Upstalbohm oprjochte: in natio foar East-Fryske studinten. In Ommelander feriening, Omlandia waard yn 1641 oprjochte[2]. It doel fan dy collegia nationalia wie om geselligens te befoarderjen en om ienigens te kweken. Dat lêste waard benammen berikt troch drank- en fjochtpartijen mei oare ferieningen. In berofte fjochtpartij wie de fjildslach op de Fiskmerk tusken de Ommelanders en de Geldenaren. Nije leden, om wa't faak troch de collegia mei inoar fjochte waard om it lidmaatskipsjild, moasten ûntgrieningen ûndergean. Universitêre maatregels, om de collegia te ferbieden mei as sanksjes útsluting fan priveelessen, disputen, mensa of stúdzjesubsydzjes, holpen net. Boppedat wienen de studinten dreech te bestrafen, meidat it lidmaatskip geheim wie. Fanwegen it besykjen fan de akademyske senaat om it bestean fan de nationes út te roeien, besletten de nationes har op in gegeven stuit te ferienen yn in oerkeppeljend orgaan fan de nationes: it Collegium Generale (1655). Tsjin de ein fan de 17e iuw waard de ynteresse foar de collegia stadichoan lytser. Yn de 18e iuw ferdwûnen se folslein en waarden se ferfongen troch griensenaten. Oan it begjin fan de 19e iuw waard in oantal nationes wer opnij oprjochte, ditkear ûnder de wjukken fan it studintekorps.

Yn syn goed twahûndertjierrich bestean koe it Grinzer Studintekorps mar twa echte ôfskiedings. De earste ôfskieding hie krekt nei it oprjochtsjen plak: yn 1823 stapte in oantal fan orizjine East-Fryske studinten út it Grinzer Studintekorps en rjochte de Ost-Friesische Landmannschaft De Upstalboom op, neamd nei it plak dêr't yn de midsiuwen de Fryske hearskers by inoar kamen en har belied ôfstimden, de Upstalbeam. Dy ôfskieding hie gjin fijannich karakter en der waard op 20 febrewaris 1823 sels in traktaat sletten, dêr't yn regele waard dat beide ferienings inoar erkenden en dat it lidmaatskip fan de ien net it lidmaatskip fan de oar útsleat. Nei ferrin fan tiid taande de belangstelling foar de Upstalbeam, omdat it oantal East-Fryske studinten yn Grins ôfnaam as gefolch fan de polityk fan Prusen en Hannover om East-Fryslân folslein te 'ferdútskjen'. East-Fryske studinten waarden ferplichte om yn Göttingen te studearjen en yn 1839 gie it restant fan de Upstalbeam wer op yn Vindicat.

Yn de jierren tritich fan de 19e iuw wie it yn it begjin liberale en anty-aristokratyske karakter fan de tiid fan de oprjochting yn 1815 net in soad mear te fernimmen op Mutua Fides: de saneamde 'kroechpartij' hie it foar it sizzen en dy behearske yn grutte mjitte de gong fan saken op de sosjéteit en yn it Korps. Dat liede ta gefoelens fan ûntefredenens yn it Korps. De minderheid dy't ûntefreden wie, woe krekt de neidruk lizze op it 'beskaven', mear as op it 'hanthavenjen' en hie mear oandacht foar kultuer, literatuer en de ûntjouwing as op it rûge kroechlibben. De minderheid koe him net mear feriene mei de gong fan saken en fersette him tsjin it idee dat mar in lytse groep bepaalde wat de sfear wie op de kroech en dat dy de tsjinst útmakke yn it Korps.

Sa skiede op 20 febrewaris 1840 hast in tredde fan alle leden fan it Korps him ôf en sy rjochten Studentenvereeniging Post Chaos Lux ('PCL') (Nei de gaos it ljocht) op. Dit kear wie de ôfskieding wol fijannich. It Korps erkende de PCL net en woe neat fan de klub witte. PCL woe him op syn bar krêftich ôfsette tsjin it Korps en die dat bygelyks troch net mear by inoar te kommen op Mutua Fides, mar yn Het Provinciale Coffijhuis, dat fêstige wie op de plak dêr't yn 1883 it yn eigen behear ûntwurpen en boude Mutua Fides iepene wurde soe, en troch it útjaan fan in eigen studinte-almanak. Dy almanak wie neffens de measte akademyboargers aardich moaier en literêr fan hegere kwaliteit as de almanakken dy't oant dat momint by it Korps útjûn wiene. Yn it begjin wie PCL in wiere bedriging foar Vindicat, mar nei ferrin fan tiid wie der hieltyd minder oanwask en begûnen petearen oer in fúzje mei it memmekorps. Troch allegear polityk ynterne redenen kaam it úteinlik net ta in fúzje, mar waarden de lêste leden fan PCL opnaam troch it Korps en waard PCL yn 1845 ûntbûn. Sûnt dy tiid is yn it wapen fan Vindicat de fyl foar it swurd pleatst (yn stee fan it swurd foar de fyl) en soe de sinne dy't achter de wolken omheechkomt taheakke wêze.

Bittergenoatskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al gau waarden binnen it Korps bittergenoatskippen (opnij) oprjochte, dy't krekt as by de collegia nationalia gearstald waarden op basis fan komôf en dy't erkend waarden troch de Zeven Streken Vergadering:

  • Genootschap "Omlandia" (1 oktober 1837)
  • Selskip "Frisia" (8 oktober 1837)
  • Sociëteit "Groningana" (19 februari 1854)
  • 't Landschap Drenth (20 november 1876)
  • Collegium Nationale Gelriae ac Transisalaniae (19 oktober 1879)
  • Saksisch Streekgenootschap "'t Groafschap"(30 april 1958)
  • Zuidelijk Streekgenootschap "Batouwe" (11 november 1962)

It âldste bittergenoatskip is Omlandia, opnij oprjochte op 1 oktober 1837 troch studinten út de perifery fan de stêd Grins: de Ommelanden en noch hieltyd aktyf. De ienigens en de bân fan it Korps mei de Grinzer Ommelanden kamen ta útdrukking yn it feit dat it genoatskip eveneminten organisearret dy't de bân mei de Grinzer Ommelanden fierder befoarderet. Sa kultivearret en brûkt Omlandia it Grinzer dialekt: de leden fan Omlandia prate by de gearkomsten Grinzersk en sjonge Grinzer (folks)ferskes. Op de dêrfoar geskikte dagen wurde âld-Grinzer spultsjes sa as it nutesjitten beoefene. Fierder is der in soad oandacht foar de lokale bitters of sterkedrank. Bekende aktiviteiten hjoed-de-dei fan bittergrnoatskip Omlandia binne de Poalske lândei, de iepening fan de maaiemerke en de DHM (Dick Hamming Memorial). Kearn fan it genoatskip binne de regelmjittige buorrels yn kafees dy't bûten de stêd Grins plakhawwe, mar binnen de provinsje.

Sawat fuortendaliks nei it oprjochtsjen fan de earste bittergenoatskip ûntstie it Selskip Frisia, op 8 oktober 1837. It selskip is oprjochte troch 43 Fryske studinten mei as neidruklik wyt om de Fryske kultuer te behâlden. In soad aktiviteiten yllustrearje dizze bân, sa as de bustocht nei Ljouwert en Aegum mei de foarstejiers. De bân mei de feriening wurdt ûnder mear ûnderholden troch bitterjûnen tegearre mei oare bittergenoatskippen en meidwaan oan de Poalske lândagen. Dêrneist bestean der bannen mei Frisia Delft en Frisia Leiden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boarne: Algemeen Dagblad 13-09-21. Argivearre op 7 oktober 2022.
  2. Op side 118 fan it boek fan De Vrankrijker op de Digitale bibliotheek voor de Nederlandse letteren is mear over de Grinzer nationes te finen.