Springe nei ynhâld

Vincentius Antonides

Ut Wikipedy

Vincentius Antonides (Boksum, sirka 1670 - Flatbush (no in wyk fan Brooklyn, New York , 18 july 1744) wie in dûmny yn Burgum en yn Nij-Nederlân, yn Amerika.

Vincentius Antonides waard sirka 1670 berne yn Boksum. Yn 1686 begûn er oan in stúdzje teology oan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy boaske Titje Klasses en yn 1693 krigen se har twadde bern, in jonkje, Johannes. Letter soene der noch trije komme. Fan 1693 oant 1705 wie Antonides dûmny yn Burgum.

Yn 1705 waard er útstjoerd troch de klassis Amsterdam [1] en beroppen ta de tsjerken fan Brooklyn, Midfurd en Amersfurd yn Nij Nederlân, as gefolch fan de ûnfrede tusken it Ingelske bewâld en de Hollânske ynwenners fan it gebiet. Dûmny Bernardus Freeman waard al beroppen foar de fjouwer plakken dêr, mar om't dêrfoar tastimming fan it Ingelske bewâld frege waard, dat dêr neat oer te sizzen hie, hie allinnich Nij Utert him as dûmny akseptearre. Doe't Antonides ein 1705 nei Flatbush emigrearre, en er op 1 jannewaris 1706 dûmny waard, wienen der dêrtroch twa dûmnys. It wie lykwols net dúdlik of't sy inoar ôfwikselje moasten, of dat sy it gebiet opdiele moasten. It soe noch aardich wat jierren duorje, oant 1714 eart it konflikt sa fier bekuolle wie dat beide dûmny's foar gâns it gebiet akseptearre waarden.

Op 18 july 1744 ferstoar dûmny Vincentius Antonius yn syn hûs yn Flatbush, yn de âldens fan 74 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genealogy Antonides