Vilaine
Appearance
(Trochferwiisd fan Vilaine (rivier))
De Vilaine is in rivier yn de regio Bretagne yn Frankryk. Hy ûntspringt op in hichte fan 153 m. yn it departemint Mayenne, yn de hichten fan Juvigné, en mûnet nei 225 kilometer út in de Atlantyske Oseaan op de grins tusken de gemeenten Camoël (le Moustoir) en Pénestin (Tréhiguier).
De grutste sydrivieren fan de Vilaine binne de Ille, de Vaunoise, de Seiche, de Meu, de Oust, de Isaac en de Cantache.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vilaine fan Wikimedia Commons. |