Springe nei ynhâld

Vijfhuizer Molen

Ut Wikipedy
Fiifhuzer Mûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Haarlim
adres Ringvaartpad 9
koördinaten 52°21' N 4°40' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 20,20 m
boujier 1874
oare ynformaasje
eigner gemeente Haarlim
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 19873
Webside
www.smzk.nl
Kaart
Vijfhuizer Molen (Haarlim)
Vijfhuizer Molen

De Fiifhuzer Mûne, offisjeel de Vijfhuizer Molen, is in poldermûne oan 'e ringfeart fan 'e Fiifhuzerpolder yn 'e Noard-Hollânske stêd Haarlim.

De mûne waard yn 1874 boud om de Fiifhuzerpolder te bemeallen en ferfong doe twa lytsere mûnen. It is in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús. Yn 1924 waard fergunning jûn foar de bou fan in wente yn 'e mûne, dêr't in grutte húshâlding wenne.

Yn 1938 krige de mûne in elektrysk oandreaune fizel. It bemeallen op wynkrêft bleau lykwols mooglik, itjinge yn 'e Twadde Wrâldkriich goed útkaam.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard jimmeroan minder op wyn mealle en de mûne rekke yn it neigean.

In restauraasje fan 'e mûne yn 1973 waard net goed útfierd en ek de restauraasje fan 'e jierren 1990 wie net neffens ferwachting. Dêrnei krige de stifting Molen Zuid-Kennemerland de mûne yn behear. Stadichoan waard de mûne wer opknapt en yn 2018 krige de mûne nije roeden. Ek krewearre de stifting foar it opknappen fan it mûnehiem en de ferbettering fan 'e tagonklikens fan 'e mûne.

As de mûne draait is it mooglik in besite te bringen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: