Nederlânske Top 40
De Nederlânske Top 40 (Nederlânsk: Nederlandse Top 40) is de wichtichste Nederlânsk hitlist foar singles fan popmuzyk. De list wurdt sûnt 1965 ienris yn 'e wike publisearre. De Nederlânske Top 40 is in list mei fjirtich plakken dy't gearstald wurdt troch de Stichting Nederlandse Top 40. Foarhinne waard dêrby útgien fan ferkeapsifers yn platesaken, mar sûnt febrewaris 2014 wurdt de gearstalling basearre op airplay (it tal kearen dat in single op 'e radio draaid wurdt) en hoe faak oft it streamd wurdt oer it ynternet, wêrby't ek de trends op 'e sosjale media meiweage wurde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inisjatyfnimmer foar de Nederlânske Top 40 wie Joost den Draaijer, dy't yn novimber 1964 yn 'e Feriene Steaten west hie, dêr't er mei it fenomeen 'hitlist' yn 'e kunde kommen wie. Hy fûn dat Nederlân ek soks hawwe moast, en wist de direksje fan 'e heal klandestine seestjoerder Radio Veronica fan syn gelyk te oertsjûgjen. Sadwaande wie de Top 40 mei yngong fan 2 jannewaris 1965 eltse sneontemiddei te beharkjen. Den Draaijer wie ek de earste presintator fan 'e hitlist, dy't fan 9 jannewaris 1965 ôf ek yn printe foarm útjûn waard.
Oarspronklik hiet de Top 40 Nederlandse Hitparade, mar op 21 maaie 1966 waard er omdoopt ta Veronica Top-40. It radioprogramma wie ûnbidige populêr. Nei't de Nederlânske oerheid op 1 septimber 1974 it near lei op alle seestjoerders, waard de eksploitaasje fan 'e Top 40 oernommen troch de foar dat doel oprjochte Stichting Nederlandse Top 40. Op dat stuit krige de hitlist ek syn hjoeddeistige namme, want de útstjoering waard per 3 oktober fan dat jier oernommen troch de TROS. Nei't Veronica yn 1976 yn 'e foarm fan 'e VOO as aspirant-omrop ta it Nederlânsk omropbestel talitten wie, kaam de Top 40 op Himelfeartsdei, 27 maaie fan dat jier, wer by de omrop werom.
Fan 9 april 1988 ôf waard de Nederlânske Top 40 ek op 'e tillefyzje útstjoerd. It tillefyzjeprogramma ferhuze healwei de 1990-er jierren nei RTL5, doe nei SBS6, doe nei TMF (mei yn 2003 in koarte útstap nei MTV) en waard doe opheft. Underwilens wie de radioferzje fan 'e Top 40 yn 1993 fan Veronica nei de TROS gien en yn 1994 dêrwei nei it kommersjele radiostasjon Radio 538. Yn 2013 kearde de hitlist by TV 538 werom op 'e tillefyzje.
Yn septimber 2018 waard bekendmakke dat it Radio 538 en de Stichting Nederlandse Top 40 net slagge wie om it iens te wurden oer ferlinging fan it kontrakt foar útstjoering fan 'e hitlist. De radiostjoerder woe doe daliks mei it programma stopje, mar de stifting spande in rjochtsaak oan en de rjochter twong Radio 538 om troch te gean mei it útstjoeren fan 'e Top 40 oant it rinnende kontrakt (dat noch de rest fan it jier besloech) ôfrûn wie. Fan jannewaris 2019 ôf is de Top 40 te beharkje op radiostjoerder Qmusic.
Prestaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste nûmer 1-hit fan 'e Nederlânske Top 40 wie op 2 jannewaris 1965 I Feel Fine, fan The Beatles. It liet dat it langste op it earste plak stien hat, is One Kiss fan Calvin Harris mei Dua Lipa, dat yn 2018 sechstjin wiken boppe-oan stie. The Beatles hawwe de measte nûmer 1-hits yn 'e Top 40 hân (16), folge troch Marco Borsato (14) en ABBA (8). Artysten dy't de measte singles yn 'e Top 40 stean hân hawwe, binne BZN en Madonna (beide 55), folge troch Michael Jackson (51) en The Rolling Stones (49).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |