Van Rossem (laach)
Appearance
Van Rossem (ek Van Rossum en Vermeulen) is in Nederlânske famylje dy 't opnommen is yn it genealogysk neislachwurk Nederland's Patriciaat.
It geslacht Van Rossum komt út de Betuwe. De âldst bekende stamheit is Rijk Corneliss, yn Selden en De Haar. Syn soan troude mei Cecilia Jansdochter fan Rossum. Cornelis en Cecilia (ek Lijda, Lya of Elia neamd) bewennen De Laak te Asch, dat dêrfoar bewenne waard troch de âlden fan Cecilia, Adriaan van Rossum en Adriana. De Van Rossums hienen ferskate tsjerklike en bestjoerlike funksjes yn de Betuwe yn de 17e, 18e en 19e iuw, lykas earmmaster, buormaster, tsjerkemaster, âlderling en diaken.
Neisieten fan it laach wiene ûnder oare (mei)oprjochter fan:
- J. & A.C. van Rossem Koninklijke Tabaksfabriek
- Pakhuismeesteren
- van Rossum van Oordt & Co.
- N.V. Rotterdamsche Hypotheekbank.
Telgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kar út:
- prof. dr. ir. Arnold van Rossem (1887-1982), heechlearaar Technyske Universiteit Delft en direkteur Rubberynstitút TNO
- Gerard van Rossem (1919-1990), entomolooch en keunstskilder
- prof. dr. Maarten van Rossem (1943), bysûnder heechlearaar, histoarikus, presintator en skriuwer
- Sis van Rossem (1945-2022), keunsthistoarika, kollumniste en presintatrise
- prof. dr. Vincent van Rossem (1950), heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam en stêdeboukundige.
- Gerard van Rossem (1919-1990), entomolooch en keunstskilder
- prof. dr. Adriaan Joseph van Rossem (1892-1949), heechleeraar, ornitolooch
- dr. Cornelis van Rossem (1879-1943), direkteur skiekundich laboratoarium Departemint fan Landbouw, Nijverheid en Handel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|