Us Leaffrou Ter Iem
Us Leaffrou Ter Iem | ||
Lokaasje | ||
plak | Amersfoart | |
adres | Daam Fockemaleane 22, | |
koördinaten | 52° 8' N 5° 21' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 1931 | |
opheffing | 2008 | |
patroanhillige | Marije | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 1933 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 517689 | |
Kaart | ||
Us Leaffrou Ter Iem (Nederlânsk: Onze Lieve Vrouwe Ter Eem) wie in kleaster fan 'e Susters fan Us Leaffrou fan Amersfoart oan 'e Daam Fockemaleane 22 yn Amersfoart. By it kleaster hearde in famkeslyseum, in kweekskoalle, in ynternaat foar de skoallen en in konferinsjesintrum. Yn 2008 ferlieten de lêste susters it kompleks.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan it kleaster waard yn 1933 foltôge. It hie in miljoen gûne koste en joech ûnderdak oan it lyseum Us Leaffrou Ter Iem mei in ynternaat, de roomske kweekskoalle Sint-Agnes mei in ynternaat en it kleaster foar de susters. By de ynwijing fan it gebou en konsekraasje fan 'e kapel waarden relikwyën op in bier om 'e kapel droegen.
Efter in tagongspoarte rint in rjochte oprydleane nei it haadgebou, dat mei de foargevel nei it noardeasten stiet. De entree sit yn 'e midden fan de foargevel, oan in rjochthoekich plein dat oan trije siden begrinze wurdt troch dielen fan it gebou. Rjochts foar it gebou leit in rjochthoekige fiver.
It lyseum (gymnasium en M.M.S.) bestie út in ynternaat foar 200 ynterne learlingen mar wie ek ornearre foar eksterne learlingen. Alle ynternaatsbern hienen fan 1933 ôf in eigen keammerke, wat tige bysûnder wie foar dy tiid.
De kweekskoalle en lettere Pedagogyske Akademy Sint-Agnes (oerbrocht fanút de Herenstraat) hie in ynternaat foar 100 ynterne learlingen. De Pedagogyske Akademy gie ticht yn 1975. Alle bern fan 'e kweekskoalle wienen ynternaatsbern, ek dy út Amersfoart, en hienen in eigen keammerke.
Op 13 oktober 1944 bombardearren de alliearden it weinpark fan 'e NS. Dêrby kamen ek bommen op it terrein Onze Lieve Vrouw ter Iem. Yn totaal wienen hjir 2000 ruten stikken. It gebou waard fierders skeind troch hûsfêsting fan Dútsers en (letter) Kanadezen.
Yn 1968 fusearren it Konstantyn Kolleezje (skoalle foar fuortset ûnderwiis foar jonges) en it Lyseum Us Leaffrou ter Iem ta it Iemlân Kolleezje (Eemland College). Yn 1996 waard de namme feroare yn Het Nieuwe Eemland College. It gebou is in gemeentlik monumint.
Nei't de lêste susters yn it kleaster ferlieten, waard der socht nei in nije funksje foar it kompleks. Foar nije plannen moast der rekken holden wurde foar de monumintale status fan it kompleks. Dy waard fûn yn de ferbou en tafoeging fan apparteminten yn it kleaster en op it kleasterterrein.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|