Us Leaffrou Ter Iem

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Us Leaffrou Ter Iem
Us Leaffrou Ter Iem
Us Leaffrou Ter Iem
Us Leaffrou Ter Iem
Us Leaffrou Ter Iem
Us Leaffrou Ter Iem
Us Leaffrou Ter Iem

Kleaster Us Leaffrou Ter Iem ( Nederlânsk: Onze Lieve Vrouwe Ter Eem ) is in earder kleaster, fan de "Zusters van Onze Lieve Vrouw van Amersfoort" oan de Daam Fockemawei 22 yn Amersfoart. Letter waard it in famkeslyceum mei ynternaat en in konferinsjesintrum. Yn 2008 giene beide ticht.

It gebou "Onze Lieve Vrouw ter Eem" waard yn 1933 foltôge. It hie in miljoen gûne koste en joech hûsfêsting oan it Lyseum "Onze Lieve Vrouw ter Eem" mei ynternaat, de roomske Kweekskoalle "Sint Agnes" mei ynternaat en it Kleaster foar de susters. By de ynwijing fan it gebou en konsekraasje fan de kapel waarden relikwyen yn in bier om de kapel droegen. Efter in tagongspoarte rint in rjochte oprydleane nei it haadgebou, dat mei de foargevel nei it noardeasten stiet. De entree sit yn de midden fan de foargevel, oan in rjochthoekich plein, dat oan trije siden begrinze wurdt troch dielen fan it gebou. Rjochts foar it gebou leit in rjochthoekige ferdjippe lizzende fiver. It lyseum (gymnasium en M.M.S.) bestie út in ynternaat foar 200 ynterne learlingen mar wie ek bestimd foar eksterne learlingen. Alle ynternaatsbern hienen fan 1933 ôf in eigen keammerke, wat tige bysûnder wie foar dy tiid.

De kweekskoalle en lettere Pedagogyske Akademy Sint Agnes (oerbrocht fanút de Herenstraat) hie in ynternaat foar 100 ynterne learlingen. It gie ticht yn 1975. Alle bern fan de kweekskoalle wienen ynternaatsbern, ek dy út Amersfoart, en hienen in eigen keammerke.

Op 13 oktober 1944 bombardearren de alliearden it weinpark fan de NS. Dêrby kamen ek bommen op it terrein Onze Lieve Vrouw ter Eem. Yn totaal wienen hjir 2000 ruten stikken. It gebou waard fierders beskeadige troch hûsfêsting fan Dútsers en (letter) Kanadezen.

Yn 1968 gienen it Constantijn College (skoalle foar fuortset ûnderwiis foar jonges) en it Lyseum Onze Lieve Vrouw ter Eem in fúzje oan ta: Eemland College. Yn 1996 waard dit Het Nieuwe Eemland College. It gebou is in gemeentlik monumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: