Springe nei ynhâld

Ursulapoel

Ut Wikipedy

De Ursulapoel is in marke yn It Heidenskip. De Nauwe Larts komt yn de noardkant fan de mar út, oan de súdkant begjint de Alde Heidenskipster Feart dy't nei de Aant Liuwespoel rint. Der mei net mei motorboaten fard wurde. Neffens oerlevering soe by de Sint Ursulapoel fanâlds in delsetting fan Kartuzer Kluzeners west ha. Dit is histoarysk nea oantoand. By de Ursulapoel stean twa Ursulapleatsen. Sint Ursula fan Keulen († 383) wie de Britske keningsdochter dy't letter hillich ferklearre is. Se wie de patroanhillige fan leraressen en skoalbern.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]