Springe nei ynhâld

Unôfhinklikheidsferklearring

Ut Wikipedy
It Plakkaat van Verlatinghe, de ûnôfhinklikheidsferklearring fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen.

In ûnôfhinklikheidsferklearring is in polityk dokumint wêryn't de soevereiniteit fan in te ferselsstannigjen lân opeaske wurdt troch in organisaasje of groepearring yn of út it oangeande gebiet. Dat gebiet wurdt dêrby ûnôfhinklik ferklearre. It publisearjen fan in ûnôfhinklikheidsferklearring is in stap op it paad nei steatsfoarming. Yn 2010 skreau it Ynternasjonaal Gerjochtshôf fan 'e Feriene Naasjes yn in stik oangeande de Unôfhinklikheidsferklearring fan Kosovo dat "it ynternasjonaal rjocht gjin ferbod op ûnôfhinklikheidsferklearrings omfettet." Nettsjinsteande dat wurde de skriuwers fan in ûnôfhinklikheidsferklearring troch it sintrale regear of memmelân fan it gebiet dat him losskuorre wol, gauris ferfolge foar saken as anargisme, majesteitsskeining, rebûlje en lânferrie.

Reden foar in gebiet om him ûnôfhinklik te ferklearjen is ornaris dat der troch de sintrale oerheid of it memmelân gjin rekken holden wurdt mei de belangen fan 'e ynwenners fan it oangeande gebiet, of dat dy belangen sels mei opsetsin skea tabrocht wurdt. Dêrby kin men tinke oan 'e ûnderdrukking fan minderheden wêrby't minskerjochten ûntsein wurde, it ûnthâlden fan selsbestjoer oan oerseeske gebietsdielen of it ekonomysk eksploitearjen fan kriten wêrby't dy, bgl. troch miljeufersmoarging, ûnbewenber wurde foar de lânseigen befolking.

It kin wêze dat de sitewaasje sa útsichtleas is dat dan ûnôfhinklikheid as de iennichste útwei sjoen wurdt. De publikaasje fan in ûnôfhinklikheidsferklearring kin troch it skokeffekt in nije ympuls oan in debat mei it sintrale regear jaan of sa'n debat op gong bringe, sadat yn guon gefallen de úteinlike ûnôfhinklikheid fan it gebiet dat him ôfskiede wol, oerstallich wurdt. It kin lykwols ek wêze dat it sintrale regear sa'n ferklearring opfet as in opstân. Soks kin dan liede ta in militêr konflikt dat in ûnôfhinklikheidsoarloch hjit. As beide partijen yn sa'n konflikt like sterk binne, of as it sintrale regear net de middels hat om militêre aksje te ûndernimmen (of troch druk fan 'e ynternasjonale mienskip dêrfan wjerholden wurdt), kin in ûnôfhinklikheidsferklearring ek liede ta in diplomatike ympasse, lykas yn it gefal fan Kosovo of Nagorno-Karabach. It lêste lân dat mei ynstimming fan beide partijen (d.w.s. fan it gebiet sels èn fan it sintrale regear) de ûnôfhinklikheid útrôp, wie Súd-Sûdan yn 2011.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.