Springe nei ynhâld

Republyk Artsach

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Republyk Nagorno-Karabach)
Republyk Artsach
Արցախի Հանրապետություն
Artsachi Hanrapetût'jûn

(1991-2024)
Flagge fan Dútslân Wapen fan Dútslân
Folksliet: Ազատ ու Անկախ Արցախ (Frij en Unôfhinklik Artsach)
Haadstêd Stepanakert
Offisjele taal Armeensk
Steatsfoarm Parlemintêre republyk
- presidint Bako Sahakjan
Unôfhinklikheid 1991-2024
Oerflak 11.430 km²
Ynwennertal 150.932 (2015)
Muntienheid Dram (AMD)
Tiidsône (UTC+4)
Nasjonale feestdei 2 septimber (ûnôfhinklikheidsdei)
Ynternetdomein .am, .հայ
Telefoan +374 47

De Republyk Artsach (Armeensk: Արցախի Հանրապետություն, Artsakhi Hanrapetût'jûn), tusken 1991 en 2017 Republyk Nagorno-Karabach (Armeensk: Լեռնային Ղարաբաղի Հանրապետություն, Lernajin Gharabaghi Hanrapetût'jûn), wie feitlik in ûnôfhinklike Armeenske republyk yn 'e súdlike Kaukasus fan Euraazje. De republyk waard útroppen nei de positive útslach fan in referindum oer de ûnôfhinklikens fan it gebiet en waard net erkend troch de ynternasjonale mienskip. Artsach kontrolearre it grutste part fan 'e doedestiidske oblast Nagorno-Karabach. Haadstêd wie Stepanakert. De republyk dielde grinzen mei Armeenje yn it westen, Iran yn it suden en Azerbeidzjan yn it noarden en easten.

Nei't Azerbeidzjan yn 2022 de enklave mei in blokkade ôfslette fan 'e rest fan 'e wrâld, ûnstiene der grutte tekoarten oan iten en medikaminten yn 'e republyk. Op 19 septimber 2023 sette Azerbeidzjan mei in rige bombardeminten op de enklave útein. De oare deis waard bekend dat teminsten 200 minsken troch de Azerbeidzjaanske oanfal omkamen en 400 minsken ferwûne rekken. Der waard al gau kapitulearre en de Azerbeidzjaanske president Alijev rôp de oerwinning út.[1]

Mei de Azerbeidzjaanske oerwinning sette fanwegen de eangst foar in etnyske suvering in grutte flecht fan 'e kristlike ynwenners fan 'e republyk útein.[2]

Op 28 septimber 2023 makken de autoriteiten fan Artsach bekend dat de ynternasjonaal net erkende republyk mei yngong fan 1 jannewaris 2024 opheft wurde sil.[3] Doe wie al de helte fan 'e befolking op 'e flecht slein nei Armeenje. Yn 'e dagen dy't folgen ferlieten noch mear minsken de republyk en op 30 septimber hie al mear as 80% fan 'e totale befolking it gebiet ferlitten.[4] Ek binne der grutte soargen oer it lot fan it kristlike erfgoed fan de republyk, lykas de kleasters en tsjerken.[5]

Histoaryske en politike achtergrûn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De yn 1920 troch Azerbeidzjaanske striidkrêften ferneatige Armeenske stedsdielen fan Sjûsja mei de plondere Ferlosserkatedraal op de eftergrûn
T-72 tank monumint yn Stepanakert
Kaart fan Karabach
Kristus de Ferlosserkatedraal fan Sjûsja

De republyk kontrolearre it grutste diel fan it eardere autonome oblast Nagorno-Karabach en in tal Azerbeidzjaanske distrikten, dy't tusken Armeenje, Iran en Artsach lizze.

De bewenners wiene foar de haadsaak etnyske Armeenske kristenen. De streek wie al yn 1918 in striidkwestje tusken Armeenje en Azerbeidzjan, dy't doe krekt ûnôfhinklik woarn wiene fan Ruslân. Nei't de Sovjet-Uny it gebiet wer ûnder kontrôle krige, waard yn 1923 it autonome oblast Nagorno-Karabach stifte, dat bestjoerlik by de Azerbeidzjaanske Sosjalistyske Sovjetrepublyk yndield waard.

Yn 'e neidagen fan de Sovjet-Uny lôge it konflikt oer it gebiet wer op tusken de Armeenjers en Azerbeidzjanen. It waard it begjin fan de Nagorno-Karabach-kriich, dy't fan 1991 oant 1994 duorre en likernôch 30.000 slachtoffers easke.

Op 10 desimber 1991 waard yn Nagorno-Karabach en it oanbuorjende gewest Sjahûmian in referindum oer de ûnôfhinklikens holden. De Armeenske ynwenners (80% fan de befolking) stimden massaal foar, wylst de Azerbeidzjaanske mienskip (20% fan de befolking) it referindum boycotte. Op de útslach fan it referindum (99% fan de stimmen keas foar ûnôfhinklikens) folge de ûnôfhinklikheidsferklearring. It liede lykwols net ta erkenning fan de ynternasjonale mienskip.

Sûnt de wapenstilstân fan 1994 stie it grutste part fan Artsach en in tal oangrinzgjende Azerbeidzjaanske gebieten ûnder it mienskiplike militêre behear fan it Armeenske leger en dy fan Artsach. Fertsjintwurdigers fan it Armeenske en it Azerbeidzjaanske regear makken sûnt diel út fan fredesûnderhannelings ûnder foarsitterskip fan de Minsk-Groep fan de Organisaasje foar Feiligens en Gearwurking yn Europa. De Armeenske ûnderhannelers binne ek de wurdfierders út namme fan de Republyk Artsach.

Artsach hie nauwe ekonomyske en politike relaasjes mei Armeenje. Wetten dy't troch it Armeenske parlemint yn Jerevan ôfkundige waarden, waarden yn 'e regel ek troch Artsach oernommen. De Armeense dram wie ek it wetlike betelmiddel fan Artsach.

Yn april 2016 lôge de striid nei Azerbeidzjaanske bombardeminten op it lân op 'e nij op. Neffens de Armeenske presidint Sarksjan wiene it de swierste gefjochten sûnt de wapenstilstân fan 1994. De Feriene Naasjes, Ruslân, de Feriene Steaten en de Europeeske Uny rôpen de partijen op in ein te meitsjen oan it geweld dat opfolge waard troch Azerbeidzjan mei in iensidige wapenstilstân.[6][7]

Yn 'e Nagorno-Karabach-oarloch fan 2020 ferlear de republyk grutte stikken grûn, ek al krige Artsach stipe fan Armeenje. Nei't de iennige wei fanút Armeenje yn desimber 2022 troch Azerbeidzjan ôfsletten waard, ûnstie der yn 'e republyk in grut tekoart oan iten en medikaminten.

Geografy en klimaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Murovdag

It gebiet is bercheftich en hat hichtes lykas de Mrav (3.540 meter bolle seenivo) en Kirs (2.725 m). De trochsnit hichte fan it lân is 1.097 meter boppe seenivo. In grut part fan it lân bestiet út in plato mei hellings yn it easten en it súdeasten. Yn 1976 waard de Sarsang-daam iepene, dy't de grutste wetterfoarried fan it lân foarmet en oanlein is om it lân te yrrigearjen.

Artsach hat in droech en subtropysk klimaat mei in trochsnit temperatuer fan 11 °C. Jannewaris is it kâldst mei in gemiddelde fan -1 °C, wylst july op in gemiddelde sit fan 22 °C. De heechste simmertemperatuer wurdt yn de legere dielen fan Martûni en Martakert metten. Yn guon dielen fan it lân reint it alle jierren mear as 700 mm, mar yn droegere kontrijen lykas op de flaktes kin it minder as 500 mm. wêze. De measte rein falt tusken maaie en juny. It lân giet mear as 100 dagen ûnder dize skûl en oeral is berchwyn, mar swiere stoarms komme net yn de maaitiid en de simmer foar.

Mear as in tredde diel fan it lân bestiet út bosk en it hat mear as 2.000 plantesoarten, mei in fariëteit fan healwoastyn-soarten op de steppen oant Alpine- en tûndraplanten boppe de beamgrins yn de bergen.

Ekonomy en ynfrastruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Opslachmar Sarsang

De Sarsang-wetterkrêftsintrale mei in kapasiteit fan 50 MW is de wichtichste enerzjyboarne fan it gebiet. Alle jierren wurde der tusken de 90 en 100 miljoen kilowattoeren opwekt.

Troch't de lokale wetterfoarried genôch is, kinne lytse wetterkrêftsintrales yn alle regio's fan de republyk boud wurde. Der rint in programma foar de bou fan achttjin lytsere wetterkrêftsintrales. Sadree't dy foltôge binne kin it lân elektrisiteit nei it bûtelân útfiere.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: af:Republiek Artsach