Untsliepeniskatedraal (Kolomna)
Untsliepeniskatedraal
Успенский собор | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 55° 06' N 38° 45' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | katedraal | |
boujier | 1672-1682 | |
arsjitekt | Meletij Aleksjev | |
offisjele webside | ||
Side katedraal |
De Katedraal fan de Untsliepenis fan de Mem Gods (Russysk: Успенский собор; Uspenski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn it kremlyn fan Kolomna, Ruslân.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De earste trijekoepelige katedraal waard yn 1379 boud yn opdracht fan Dmitri Donskoj, nei de earste oerwinning fan de Russen op it leger fan de Gouden Horde yn de Slach oan de Vozja-rivier. De earnstich fertutearzge katedraal waard yn 1672 ôfbrutsen. Yn tsien jier tiid liet Meletij Aleksjev de hjoeddeiske katedraal bouwe. De katedraal krige yn 1804 nije muorreskilderings.
De tsjerke waard yn 1929 plondere troch de bolsjewiken en de grêven fan de biskoppen fernield. Noch itselde jier moast de katedraal slute foar de earetsjinst.
Yn 1989 waard de katedraal werom jûn oan de Russyske-Otterdokse Tsjerke, dy't dêrnei fuort útein sette mei in grutte restauraasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенский собор (Коломна)
|